Freark Kramer springt it fierst dit seizoen en wint fierljepwedstriid oer de grins

Freark Kramer yn Gryptsjerk © Martin de Jong Fotografie
Freark Kramer fan It Heidenskip hat de tredde fierljepwedstriid fan it seizoen wûn. Dêrmei bleau er as iennige de bruorren Galama foar. By de froulju naam Femke Rispens de winst mei werom nei Fryslân.
Mei in sprong fan 19,85 meter sprong Kramer yn de finale fierder as de rest en it fierst fan dit seizoen oant no ta. Ysbrand Galama waard yn Gryptsjerk twadde mei 18,83 en Oane Galama naam it tredde plak yn troch nei 18,80 te springen. It is noch wachtsjen oant de twintich meter berikt wurdt, yn Hollân is dy ôfstân dit seizoen al wol helle.
Freark Kramer notearret bêste seizoenssprong oant no ta
By de froulju wie Femke Rispens it meast suksesfol: 14,40 wie genôch foar de oerwinning. Hanneke Westert wist net har eigen Nederlânsk rekôr by de famkes fan 17,63 te benaderjen en waard mei 14,05 twadde. Hilde van der Weij einige op it tredde plak mei in ôfstân fan 13,65.

Bysûnder

Bysûnder wie ek dat der mar leafst twa winneressen fan de ôfdieling Gryptsjerk kamen. It bart net faak dat der twa deititels nei Gryptsjerk geane. Femke Rispens wûn by de froulju en Inez Bouwman by de famkes. Bouwman sprong nei 12,60 yn de finale.
De winners yn Gryptsjerk: Inez Bouwman, Femke Rispens, Freark Kramer, Germ Terpstra, Brent Monsma © Martin de Jong Fotografie