Lútsen Bakker wint opnij Grut Frysk Diktee, mar makke mear flaters: "Ik skamje my djip"

Lútsen Bakker hat foar it twadde jier op rige it Grut Frysk Diktee wûn © Fotobureau Hoge Noorden, Jacob van Essen
It Grut Frysk Diktee 2023 is wûn troch Lútsen Bakker út Grins en dat is net de earste kear. Foarich jier wûn er it diktee ek al. Bakker makke dit jier sân flaters, it minste tal fan alle dielnimmers. Syn einresultaat wie goed foar de haadpriis: it Gouden Kapke.
Dochs is Bakker net hielendal bliid, hy hie nammentlik mear flaters as ôfrûne jier. "Ik skamje my djip", sei er laitsjend, lyk nei ôfrin. "Ik hie better kind, it wurd 'swipet' haw ik hielendal net heard, ik tocht dat dat 'swijt' wie."

Teologen winne as groep

Der diene fan 't jier ek fiif groepen mei oan it diktee. Dy teams strieden tsjininoar. De teologen kamen as bêste út de bus. It trochsneed tal flaters fan 'de tsjinners fan it Wurd' oer de hiele groep rekkene wie santjin.
Op it twadde plak einigen de sjoernalisten en tredde waarden de pabû-studinten.
De Fryske dûmnys wienen dit jier it winnende team © Fotobureau Hoge Noorden, Jacob van Essen
De tekst fan it diktee fan dit jier wie skreaun troch sjongeres Iris Kroes. Sy liet har ljocht skine oer it dilemma dat tritigers hawwe kinne: de twivels en de fragen oer watst berikt hast ast tritich jier wurden bist.
Iris sparre de dielnimmers net. De tekst wie pittich mei wurden as koskitengrien, ljuensk en trewes, dêr't de dielnimmers de tosken op stikkenbite koene. Ek de skriuwwize fan it wurd 'boeddha's' yn it Frysk wie ek in dregenien.

Sjoch it diktee werom

It Grut Frysk Diktee is werom te sjen op de webside fan Omrop Fryslân en op de Omrop-app. Klik dêrfoar hjir.