Hoe goed kinsto Frysk skriuwe? Doch hjir It Grut Frysk Diktee

It is wer tiid foar It Grut Frysk Diktee. De dikteetekst is skreaun troch sjongeres Iris Kroes en giet oer in bepaalde faze yn it libben. De presintaasje leit yn hannen fan Miranda Werkman.
Neist de kwalifikaasjekandidaten dogge dit jier ek wer ferskate teams mei dy't de striid mei-inoar oangeane. Sa is der in team mei pabû-studinten, Fryske artysten, dûmnys, sjoernalisten en in groep jongerein fan de keet Beunhok.bv.
Mei it sjen nei de útstjoering kinne minsken sels ek meiskriuwe. De dikteetekst wurd sjen litten en trochrûn, mar nei ôfrin is de folsleine tekst ek te finen op www.fryskdiktee.nl.