VV Bûtenpost krijt punt yn mindering foar massale fjochterij nei wedstriid tsjin DHSC

Rebûlje by de wedstriid tusken Bûtenpost en DHSC © Orange Pictures
VV Bûtenpost hat in punt yn mindering krigen fan de tuchtkommisje fan fuotbalbûn KNVB. Dit nei oanlieding fan de grutte fjochterij ein ferline moanne nei ôfrin fan de wedstriid tsjin DHSC út Utrecht.
Foarsitter Paul Olijve fan Bûtenpost is fertrietlik en teloarsteld oer it beslút. Hy fynt dat Bûtenpost neat te ferwiten falt. "Mar soms is der yn it libben in ferskil tusken gelyk hawwe en gelyk krije."

Rebûlje nei ôfrin

Nei it lêste fluitsinjaal rûn it folslein út de hân tusken spilers fan beide ploegen. Der ûntstie in massale fjochterij. De klups fertelle in folslein oar ferhaal oer wat der no krekt bard is. Neffens de Utrechtenaren soene de spilers en it publyk fan Bûtenpost begûn wêze, en soene sy allinnich mar út selsferdigening hannele hawwe.
Neffens Bûtenpost soenen de spilers fan DHSC ferhaal helle hawwe by de skiedsrjochter en woenen spilers fan Bûtenpost de skiedsrjochter krekt beskermje.
Feit is dat der op in bepaald momint rake klappen foelen. Bûtenpostspiler Wim de Vries rûn in harsenskodding, in brutsen noas en skansearre tosken op. De DHSC-spiler dy't dat feroarsake is troch fuotbalbûn KNVB foar in healjier skorst.

"Net mei de hannen oer elkoar"

"Fan ús is der gjinien skorst. En ast alle rapporten en tsjûgenissen lêst, dan is it sa dat wy net begûn binne", stelt Olijve. "Us jonges hawwe ek wol wat dien, mar ast sjochst dat ien fan dyn spilers slein en skopt wurdt, dan kinne je net ferwachtsje dat de oaren mei de hannen oer elkoar sitte."
"It is dus net foar te stellen dat dit derút kaam is", ferwiist de foarsitter nei it punt yn mindering foar Bûtenpost.

Wichtich punt

Dat punt koenen de Blaukes noch goed brûke yn de striid tsjin degradaasje út de fjirde divyzje. Mei noch ien wedstriid te gean, hie Bûtenpost trije punten foarsprong op de promoasje/degradaasjeplakken. In punt yn de lêste wedstriid tsjin CSV Apeldoorn hie genôch west foar hanthavening. Mei it punt ôflûk is dat net mear it gefal. No moat Bûtenpost eins winne.
Mocht Bûtenpost dochs op de neikompetysjeplakken bedarje, dan oerwaget de klup yn heger berop te gean. Dêrfoar hat de klup oant takom tiisdei de tiid.