Oprop foar iepenheid: steatefraksjes wolle mear transparânsje yn formaasjeproses

Provinsjale Steaten © Omrop Fryslân, Onno Falkena
Tsien partijen yn de Provinsjale Steaten freegje om mear iepenheid oer it formaasjeproses. Se wolle dat de formateur mear ynhâldlike saken priisjout oer it ferrin fan de ûnderhannelings. Formateur Oebele Brouwer hat wol in pear kear in brief stjoerd oer it proses mar seit neat oer de ynhâld.
De partijen sizze dat amtners wol oan tafel sitte en input jouwe oer karren dy't makke wurde moatte yn it nije kolleezje. De steateleden fan de partijen fine dat dy ynformaasje net allinnich foarbehâlden is oan de fjouwer fraksjes dy't formearje. Dat binne BBB, PvdA, CDA en ChristenUnie.

Mear ynformaasje

Se fersykje dêrom it kolleezje de ynformaasje te dielen mei de hiele Steaten. Ek wolle sy in list fan saakkundigen fan de provinsje en eksternen dy't input levere hawwe, en oare oanfoljende ynformaasje ynbrocht troch amtners yn de ûnderhannelingen.
De tsien partijen dy't de brief ûndertekene hawwe binne: D66, FNP, FvD, GrienLinks, JA21, SP, Provinciaal Belang Fryslân, PvdD, PVV, SP en VVD.