Shorttrackster Suzanne Schulting mist mooglik earste World Cups troch oare tarieding

Shorttrackster Suzanne Schulting kiest foar in oanpaste tarieding op it nije shorttrackseizoen. Se sil dêryn los fan TeamNL yn har eigen tempo oan de slach gean. Mooglik mist se troch dizze oanpaste tarieding de earste World Cups.
"De afgelopen zeven jaar ben ik bijna dagelijks tot het uiterste gegaan. Dat heeft me heel veel moois gebracht, maar het heeft ook heel veel van me gevergd. Het is nu echt tijd om de batterij helemaal op te laden voordat ik weer volle bak aan de slag ga zoals ik gewend was", ljochtet Schulting har beslút ta.
By it lêste WK yn Súd-Koreä bruts Schulting. Se joech nei it toernoai oan hielendal leech te wêzen. Boppedat sei se dat se net hiel folle gelok fielde nei it winnen fan trije gouden medaljes.
Technysk direkteur Remy de Wit fan de KNSB is it hielendal iens mei dizze oanpak. "Er zijn medische onderzoeken gedaan en de conclusie die we hier gezamenlijk uit trekken, is dat Suzanne zich in eigen tempo, apart van het team gaat voorbereiden op het nieuwe seizoen."
Schulting rekkenet derop dat se yn elts gefal yn de twadde helte fan it seizoen werom is, sadat se op it WK yn Rotterdam foar de titel gean kin.
Schulting is in absolute wrâldtopper yn it shorttrack. Se hat seis olympyske medaljes, 10 wrâldtitels en 17 Europeeske titels op har namme stean.