Swimbad De Jouwer yn top 50 meast besochte attraksjes fan Nederlân

Swimfun op De Jouwer © Omrop Fryslân, Sian Wierda
Swimfun op De Jouwer stiet as iennige Fryske bedriuw yn de top-50 fan meast besochte attraksjes fan Nederlân. Yn 2022 hie it swimbad 225.000 besikers.
It swimbad stiet op plak 48 yn de list dy't gearstald is troch Pretwerk, dat spesjalisearre is yn nijs oer de rekreaasjesektor.
De list wurdt oanfierd troch attraksjepark De Efteling, dat goed fiif miljoen besikers hie. Fierders stean bygelyks it Rijksmuseum, it Anne Frank Huis, de Keukenhof en Walibi yn de list. "Wy hiene net ferwachte dat we derby sieten, mar we binne hjir tige bliid mei", seit adjunkt-direkteur Tjebbe van der Meer fan Swimfun.

Trijehoeke Den Helder-Grins-Lelystêd

"Wy binne in attraksje dy't ek by min waar leuk is", ferklearret Van der Meer de populariteit fan Swimfun. "En ek de lizzing fan De Jouwer helpt mei. De measte besikers komme út de trijehoeke Den Helder-Grins-Lelystêd. Fansels binne dat in soad minsken út Fryslân, mar ek minsken dy't hjir yn de omkriten op fakânsje binne."
Van der Meer hopet dat se takom jier wer yn de top-50 komme. "We sitte op koers foar in lytse plus nei 250.000 besikers, dus it soe moai wêze as dat genôch is."