Faker agresje tsjin sjoernalisten: training en net altyd mei logo op ‘en paad

Trainer Fenno Moes © Omrop Fryslân
Sjoernalisten ha hieltyd faker te krijen mei bedrigingen, ek yn Fryslân. Mei de kursus 'PersVeilig' wurdt besocht sjoernalisten striidber te meitsjen yn polarisearre mienskip.
Sa krije de meiwurkers fan Omrop Fryslân training fan NOS-ferslachjouwer Peter ter Velde en trainer Fenno Moes. Ter Velde wurke jierren as ferslachjouwer yn oarlochsgebieten. Moes is oprjochter en eigener fan de Agressieacademie.
Ter Velde: "Het vervelende is dat het langzaam maar zeker echt wel moet, dit soort trainingen. Journalisten worden geconfronteerd met veel agressie. Niet alleen journalisten natuurlijk, ook hulpverleners. In de samenleving is wat aan het veranderen."

It lontsje wurdt koarter

Yn Fryslân en yn it noarden falt it op himsels noch wol ta mei it oantal bedrigingen, seit Ter Velde. Lanlik wurdt it wol dúdlik slimmer mei ferline jier 200 meldingen. Dit jier binne it der oant no ta 100.
"Ek wy fernimme hjir wol dat it lontsje koarter wurdt", seit Ingrid Spijkers. "Dat sjoernalisten hieltyd faker kritysker en ferfelender misjegene wurde op lokaasje."
Fryske sjoernalisten krije in 'PersVeilig'-kursus foar harren feiligens
Ek al is de situaasje yn Fryslân noch net sa slim, dochs wol de Omrop ek taret wêze op de feroarjende mienskip. "Eltse sjoernalist yn Nederlân, of wêr ek yn de wrâld, moat syn wurk feilich dwaan kinne. Ast in demokrasy ha wolst, heart dêr ûnôfhinklike sjoernalistyk by."

Auto's sûnder logo

De ôfrûne jierren hat Omrop Fryslân der meardere kearen foar kieze moatten te riden mei auto's sûnder logo. Under oare by fuotbalrellen, boere-demonstraasjes en de jierwiksel.
Mei it logo op 'en paad: yn guon gefallen kin dat net sa feilich wêze © Omrop Fryslân
"Yn prinsipe gean we werkenber op paad", seit haadredakteur Ingrid Spijkers. "As de situaasje spannend liket te wurden, kin in oare kar makke wurde."

Begryp

Yn de training wurdt sjoernalisten leard om te gean mei ferskillende soarten agresje yn foar har bekende situaasje. Bygelyks in telefoanyske bedriging, as ien it net iens is mei de ynhâld fan in artikel online. Of sjoernalisten dy't hindere wurde as sy op lokaasje it wurd dogge.
By de PersVeilig-training wurde ferskate situaasjes neispile © Omrop Fryslân
Moes leart de meiwurkers hoe't se de-eskaleaje kinne. "Je moet nooit zeggen: u bent boos hé, als het stoom ze uit de oren komt. Dan maak je het van kwaad tot erger." Syn tip: "Erkenning geven van de emotie. Begrip tonen voor hun gevoelens."