De toan fan Froukje Sijtsma: "Us mem, in medysk orakel"

"Meast as ik my siik of belabberd fiel, belje ik faak efkes mei myn persoanlik medysk orakel. Yn de Grykske âldheid koenen de Griken harren libbensfragen kwyt by it orakel fan Delphi. Ut de grûn kamen bedwelmjende dampen omheech en it orakel joech dêrnei riedseleftige útspraken.
Sa't de Griken in hotspot hienen mei harren orakel, sa haw ik der ientsje mei ús mem. Se hat in wurkjende karriêre efter de rêch yn de apoteek, mar foaral in ûnbegrinze ynteresse yn de genêskrêftige wurking fan krûden en planten.
De toan fan Froukje Sijtsma
De earste fraach dy't se my altyd stelt, is oft ik it net te drok hân haw, wol sûn genôch yt en oft ik wol oan goeie nachtrêst takaam bin. As ik bygelyks pine holle haw, seit se meast: "Do kinst in dei lang parasetamoltsjes slikke, of do nimst 24 oeren rêst. De kar is oan dy."
Mar eins is ús mem hielendal net sa wei fan piltsjes. Leaver siket se de oplossing yn 'e natoer. Doe't myn âlden in pear jier lyn ferhûzen, koenen se net fuort harren nije hûs yn. En dus like it ús mem goed ta om tydlik wat blommen en planten by my thús del te setten. Sadwaande hie ik in skoft lang in sealjestrúk yn myn tún. In geweldich krûd mei in skala oan gebrûksmooglikheden.
Mei in boskje baarnende sealje kinst in sakraal reiningsritueel útfiere om kweageasten te ferdriuwen ast yn in nij hûs komst te wenjen. Mar dêr leaut ús mem net yn. Wêr't sy wol yn leaut, is it natoerlik antibioatikum dêr't sealje om bekend stiet. Do kinst der nammentlik ek tee fan meitsje ast ferkâlden bist. It helpt tsjin jûkjende pinekiel, it fersêftet de slymfluezen en remmet it begjin fan ûntstekkings.
Mar tink derom: do moast it net oerdriuwe, want ast wikenlang liters fan dat guod drinkst, dan begjinst te hallusinearjen en rekkest boppedat ferslave.
It is spitich dat ik de plant net mear yn de tún stean haw en dat myn foarried drûge sealje ek op is, want ik bin foar de twadde kear yn koarte tiid behoarlik ferkâlden. Beide kearen in relaasjegeskink fan myn freon.
De earste kear sieten we tegearre op medysk advys fan it orakel de kiel te spielen mei suvere swarte baaiesop. Gewoan te krijen yn de supermerk. De baktearjes yn de strôt komme mei stevich guorreljen lekker los.
Oft it de tips wienen fan ús mem of de kilo hearlike dropkes, doar ik net te sizzen, mar nei in lang skoft kocheljen wie it klear. Mar noch gjin twa wiken letter rekke myn freon wer ferkâlden. Diskear in noasferkâldheid mei folle holten. En al rillegau wie ik ek wer oan bar. Juster hong ik al efkes mei myn holle boppe in dampende bak wetter mei in oplossing fan mentol, kaanfer en eukalyptus om fêstsittend snot en slym los te weakjen.
Underwylst hearde ik de stim fan myn orakel al boppe myn stomende wetterbak mei krûden galmjen. "Do kinst ek sels in natoerlik antibioatikum meitsje fan rauwe hunning, mei kaniel en in pear drippen farske sitroen. En ast ek noch gember hast, dan kinst fan dy mjuks in hearlike tee meitsje."
Nei it stomen, broude ik sels noch gau efkes in medisinaal bakje. Oft it holpen hat, doar ik noch net te bewearen, mar ik haw dy nacht sliept as in roas."