Clevering topfavoryt op EK roeien, Van der Bij 'promovearre' nei Holland Acht

Ymkje Clevering en Jan van der Bij by de Bosbaan yn Amsterdam © Omrop Fryslân
It Europeesk kampioenskip roeien wurdt foar de iene Fries in ûntdekkingstocht, wylst de oar by de topfavoriten heart foar in gouden medalje. Tongersdei begjint it toernoai yn it Sloveenske Bled.
Op de Bosbaan yn Amsterdam riedt de Nederlânske ploech him ta op it EK. Ymkje Clevering komt yn aksje yn de twa-sûnder-stjoerfrou en Jan van der Bij yn de Holland Acht.
Foar dy lêste wurdt dat in nije ûnderfining. Ferline jier siet Van der Bij noch yn de dûbeldfjouwer, mar mei troch de komst fan in nije bûnscoach gie de gearstalling fan de boaten op 'e kop. "Dat hat in hiel lang trajekt west fan trije moannen", seit Van der Bij.
By trainingswedstriden siet Van der Bij yn twa- en fjouwermansboaten, mar úteinlik is hy yn de Holland Acht pleatst. "Ik bin der wol bliid mei", seit de 31-jierrige roeier. "Ik sjoch it as in promoasje. It is wol magysk om it mei syn achten te kinnen. It is spesjaal om mei te meitsjen datst dêrfoar útkomme meist."
Grutte feroarings sa as har Fryske kollega hie, dêr hat Clevering net mei te krijen hân. Lykas foarich seizoen sit se noch altyd mei Veronique Meester yn de twa-sûnder-stjoerfrou. "Dit woe ik wol hiel graach. Ik fyn it in moaie boat en ik roei mei in goeie freondinne", seit de Haulerwykse.
Se kinne trochbouwe op foarich seizoen. Dat wie behoarlik suksesfol mei EK-brûns en WK-sulver. Op dat lêste toernoai yn septimber waarden Clevering en Meester ferslein troch Nij-Seelân, mar dy dogge fansels net mei oan it EK.
It is wat spannend om te sizzen, mar we sette yn op goud.
Ymkje Clevering
En dus is Clevering hoopfol. "It is wat spannend om te sizzen, mar we sette yn op goud. We fernimme hoe't de boat rint en we ha wol in soad byleard. We binne benijd wat it opsmite sil yn it bûtenlân."
Ynsette op goud is ek wat Van der Bij docht, ek al is it de earste offisjele wedstriid yn de achtmansboat. "Ferline jier seach de acht der kwa bemanning hiel oars út en dy pakte sulver. Ik tink dat we no kâns meitsje op goud", wit de Earnewâldster.
Ymkje Clevering (links) en Veronique Meester (rjochts) nei harren WK-sulver © ANP
In hiel soad konkurrinsje hat Van der Bij net mei de Holland Acht. Der dogge nammentlik mar seis boaten mei yn totaal. "Mar dejingen dy't meidogge, binne wol sterk", seit Van der Bij. "Op it WK wiene de Britten in klasse sterker, dat binne de grutste konkurrinten. We komme net foar it brûns. We wolle it goud pakke, dêr draait it om."
In goed resultaat soe betsjutte kinne dat de nije bûnscoach troch giet op dizze koers. En dat is wer nijsgjirrich mei it each op folgjend jier. Dan binne de Olympyske Simmerspelen yn Parys. Mar, sa seit Van der Bij: "As it EK min giet, kin it wêze dat alles wer omdraaid wurdt."
Jan van der Bij (hielendal rjochts) op it WK ferline jier © ANP
Goeie prestaasjes op it EK kinne dus helpe mei it each op de Spelen, mar it wrâldkampioenskip letter dit jier is nóch wichtiger. "Dêr moatte je de boat pleatse foar de Spelen", wit Clevering. "It WK is altyd ús pykmomint. Der wurdt no wat mear lading op lein as op it EK. Je brûke dizze races om sa goed mooglik te wêzen op it WK."
As de Nederlânske ploegen harren op it WK pleatse foar de Spelen, wurdt letter sjoen nei de popkes yn de boat. Dêrfoar binne takom jier noch seleksjewedstriden, fertelt Van der Bij. "Dat soe betsjutte kinne dat der wikselingen komme, mar it kin ek betsjutte dat it lyk bliuwt. It is eins allegear ûnwissichheid."
It spoarboekje foar it EK roeien
Tongersdei
09.48 oere: Heats mei Ymkje Clevering yn de twa-sûnder-stjoerfrou
13.05 oere: Heats mei Jan van der Bij yn de Holland Acht
Sneon
10.21 oere: Heale finales mei Ymkje Clevering yn de twa-sûnder-stjoerfrou
14.29 oere: A-finale mei Jan van der Bij yn de Holland Acht
Snein
11.49 oere: A-finale mei Ymkje Clevering yn de twa-sûnder-stjoerfrou