Nij stasjon Snits folle better as it âlde: "Het was een crackhole"

Brûkers fan it busstasjon © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
It stasjonsgebiet fan Snits is de ôfrûne tiid flink op 'e skeppe gien. It âlde busstasjon wie ferfallen en de ferkearssituaasje koe better. Fan 24 maaie ôf ride de bussen lang om let wer fan har nije stasjon.
De planten moatte fansels noch groeie, mar daliks sil it stasjon griener en rommer wêze. Ek is it stasjon feiliger foar kuierders. It krúspunt by de Doctor Boumaweg en Kanaalstraat is oars ynrjochte en hat in sebrapaad.
It nije busstasjon fan Snits © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
De werynrjochting kin de besikers fan it stasjon wol bekoare: "Ik bin hjir foar de earste kear, mar ik sjoch prachtige sitsjes. Ik hoopje dat der in soad grien yn komt."
Twa âld-learlingen fan it RSG fine it goed dat kuierders mear de romte krije: "It is folle feiliger mei dat sebrapaad. Der rinne dêr geregeld lytse bern. Dat wie eartiids in gefaarlik krúspunt ast fan skoalle ôf kaamst."
It krúspunt mei sebrapaad by de Kanaalstraat yn Snits © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
De fernijing wie ek wol nedich, as it oan de minsken leit: "Het was echt verouderd, een crackhole", sizze trije freondinnen dy't faker mei de bus gean. "Er was een hokje waar altijd alle ramen uit geslagen waren. Het zag er niet meer uit."
Dat ûnderstypje ek de oare besikers: "Het was eerst rommelig en niet overzichtelijk. Oud en verpauperd. Dus het wat echt toe aan vervanging."
Brûkers fan it stasjon © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
Dochs kin it altyd better. Dus hawwe de minsken op it stasjon noch in pear tips foar de ferantwurdliken? "In grut boerd mei alle bustiden soe moai wêze, lykas dat wy by de treinen sjen kinne wannear't de folgjende giet."
En ek foar de minder waarme moannen is der noch ferlet fan skûlplakken: "Nu is er maar één hokje om te schuilen. Als het regent, wordt dat wel vol. Dus ik vind dat ze meer overkappingen mogen maken."
It stasjon wurdt op 24 maaie om 9.45 oere offisjeel iepene troch wethâlder Bauke Dam en deputearre Avine Fokkens.