Seizoen Aris foarby nei ferlies yn Charleroi

Shaquille Doorson © Orange Pictures
Aris is útskeakele yn de play-offs fan de BNXT-league. Oer twa wedstriden wie it Belgyske Spirou Basket te sterk. Yn Charleroi waard it tiisdei 86-65, nei't de Belgen ôfrûne wykein yn Ljouwert ek al wûn hienen.
Snein einige de earste moeting tusken de twa klups yn de tredde ronde fan de play-offs yn 91-84 foar Charleroi. Aris moast dêrom yn België mei acht punten ferskil winne om him te pleatsen foar de achtste finale.

Aris kânsleas

Dat siet der al net gau yn: yn it earste kwart naam Charleroi al in foarsprong fan tsien punten. Aris, dat it opnij dwaan moast sûnder Kristinn Pálsson, stie oan de ein fan it earste kwart mei 29-22 efter. Yn it twadde part fan de wedstriid gie it net folle better. Charleroi konsolidearre de foarsprong: 47-39
Aris begûn wol aardich oan it tredde kwart, maar de Belgyske tsjinstanner kaam eins nea yn de problemen. Oan de ein fan it kwart wie it 68-54. Dêrmei moast Aris yn it lêste kwart noch 22 punten goedmeitsje om it seizoen te ferlingjen, in op papier hast ûnmooglike opdracht.
De praktyk befêstige dy teory: Aris like it opjûn te hawwen en Charleroi rûn sels út nei 20 punten ferskil. De wedstriid einige úteinlik yn 86-65.
It wie de tolfde kear dit seizoen dat Aris tsjin in Belgyske ploech spile: alle tolve waarden ferlern. Dit lêste ferlies betsjut dat it seizoen foar Aris foarby is. Earder waarden de Ljouwerters al útskeakele yn de heale finale fan de nasjonale play-offs.