Krisisoerlis frouljuskeatsen lost net alle problemen op: "We sitte yn in delgeande spiraal"

It rommelet yn it frouljuskeatsen. De keatsters binne ûntefreden oer in oantal nije saken dy't keatsbûn KNKB dit seizoen trochfierd hat. Dêrom wie der moandeitejûn krisisoerlis.
By it oerlis wienen mear as tweintich keatsters en trije bestjoersleden fan de KNKB. Direkteur Marco Hoekstra en Afke Hijlkema wienen der net. "Dat is ûnbegryplik. Der hat in grut ferhaal oer it frouljuskeatsen yn de Leeuwarder Courant stien en dêr hienen we it graach mei harren oer hawwe wold", seit keatster Sjanet Wijnia.
Bestjoerslid Dirk Kuperus fan de KNKB wie der wol. "Marco wie mei fakânsje en Afke hat it net yn har portefúlje. Om't we gau mei de froulju yn petear woenen, haw ik it oppakt. Efterôf is it spitich, want as wy wisten dat se Afke der graach by hawwe woenen, hienen we har ek útnûge."
Enkête
Reden foar it krisisoerlis is algehiele ûnfrede by de keatsters. It keatsen sit neffens Wijnia yn in "delgeande spiraal" en moat oantrekliker makke wurde.
It keatsbûn hat foar it seizoen in enkête ôfnommen om te sjen oft der ferlet is fan oanpassingen. Der soe útkommen wêze dat de measte froulju it leafst mear trochelkoarlotters wedstriden spylje. In foardiel fan dat lotsjen is dat de bêste spylsters net samar byinoar yn ien partoer komme. Dat soarget foar mear spanning.
Yn saneamde frijeformaasjepartijen, wêryn't de keatsters sels in partoer foarmje meie, bart dat geregeldwei wol. Nei oanlieding fan de enkête is it tal frijeformaasjepartijen werombrocht fan santjin nei tsien.
Leaver frije formaasje
Dochs is ek net elkenien dêr wiis mei. "Moandei wienen der in protte froulju dy't de enkête ek krigen ha. Wy ha de fraach nochris steld, en der stutsen twa de hân op." Wijnia begrypt dêrom net wêrom't de wiziging trochfierd is. "Of der ha froulju west dy't fan miening feroare binne of harren juster net útsprutsen hawwe."
"De bettere partoeren hawwe belang by in soad frijeformaasjepartijen en de mindere keatsers hawwe belang by mear trochelkoarlotsjen. Dêr moatte wy echt in middenwei yn fine", seit Kuperus.
"Mar no sizze ek de wat mindere keatsers: 'we hawwe dochs leaver frije formaasje as trochelkoarlotterswedstriden', wylst dy lûden ôfrûne jier dochs echt oars wienen."
It komt derop del dat de kommunikaasje tusken de keatsters en it bûn net goed west hat, want oars hienen der wol oare saken op de aginda stien.
De kearn fan it krisisoerlis is kommunikaasje, seit Wijnia. "It komt derop del dat de kommunikaasje tusken de keatsters en it bûn net goed west hat, want oars hienen der wol oare saken op de aginda stien."
"We wolle it graach eltsenien nei de sin meitsje", seit Kuperus. Dat is ek de reden dat de enkête plakhân hat. "Dy winsken hawwe we besocht te fertalen nei in wedstriidaginda, dus wy wienen ek wol ferrast dat de froulju der yn in oantal gefallen oars yn steane."
"Measte kjeld út de loft"
"Justerjûn hawwe we it mei elkoar diele kind. We binne aardich oerien kaam", giet Kuperus fierder. "De froulju wolle it leafst noch wat mear frije formaasje. We sille sjen oft we dat noch útfiere kinne. We besykje sa ticht as mooglik by de winsken fan de froulju te kommen, dus de measte kjeld is út de loft. Mar hielendal tefreden binne se noch net, dus we sille wol besykje om ús bêst dêr noch even yn te dwaan."
Wijnia fynt it wichtich dat takom jier mear fan dit soarte fan gearkomsten organisearre wurde. "Om derfoar te soargjen dat it frouljuskeatsen net noch mear tebekgiet."