Provinsje wol 60.000 huzen ferwaarmje mei wetterwaarmte yn 2030

Sietske Poepjes © Omrop Fryslân
Der moatte 60.000 wenhuzen en 10.000 bedriuwen ferwaarme wurde mei wetterwaarmte yn 2030. Dat stiet yn it aksjeprogramma 'missy wetterwaarmte' dat Deputearre Steaten fan Fryslân tiisdei nei de Steaten stjoerden.
Om it útrôljen fan de relatyf nije technyk aquatermy te ferhastigjen wol Enerzjydeputearre Sietske Poepjes de kommende twa jier fiif demonstraasjeprojekten realisearje yn Heech, Ljouwert, Skylge, Balk en Tytsjerksteradiel.
Wat is wetterwaarmte?
Mei wetterwaarmte wurdt de sinne brûkt as enerzjybron. Simmerdeis waarmet it wetter op. Dy waarmte wurdt út it wetter helle en opslein. Dat kin dan brûkt wurde troch in waarmtepomp by hûs. Sa kinne je gewoan waarm dûse sûnder dat der gas foar nedich is.
Hjirby is mei sin keazen foar hiel ferskillende projekten: in doarp oan in mar, in stêd en ek in eilân. It doarp Heech rint foarop mei plannen foar wetterwaarmte út de Hegemer Mar.

Entûsjast oer wetterwaarmte

It Hegemer inisjatyf hat ek der ek foar soarge dat Provinsjale Steaten en it provinsjaal bestjoer entûsjaster wurden binne oer de mooglikheden fan wetterwaarmte. "Wy binne echt ûnder de yndruk fan wat de minsken yn Heech foarinoar bokst hawwe", fertelt Sietske Poepjes.
"Ik hoopje echt dat genôch minsken harren oanmelde om it projekt trochgean te litten." Poepjes is fan betinken dat wetterwaarmte in alternative enerzjyboarne is dy't krekt foar Fryslân hiel geskikt is. "Je hawwe fansels wol oerflaktewetter nedich, mar in hiel soad plakken yn Fryslân lizze oan it wetter."
Enerzjydeputearre Sietske Poepjes
As it oan de provinsje leit, is mei wetterwaarmte de tiid fan foarljochtingsfilmkes en ynformaasjefolders foarby. "Wy wolle yn 2025 fiif draaiende projekten hawwe, dêr't oaren de keunst fan ôfsjen kinne. Net allinnich oare doarpen en stêden út Fryslân, mar ek minsken út hiel Nederlân en Europa."

'Net ôfhinklik fan in diktator'

Wetterwaarmte kin neffens Poepjes in wichtige bydrage leverje oan it stribjen om yn Fryslân safolle mooglik de eigen enerzjy opwekke te litten. "Wetterwaarme kin ús krêft wêze. Dan hawwe je der ek gjin lest mear fan as in diktator yn it easten de kraan tichtdraait."
De ferskate projekten op it mêd fan wetterwaarmte wol de provinsje finansierje mei jild út fûnsen foar it stimulearjen fan de enerzjytransysje. Foar it spesifyk befoarderjen fan wetterwaarmte en it dielen fan de kennis op dat mêd, lûkt de provinsje de kommende 2,5 jier sa'n 5 ton út.