Tresoar wol al syn midsiuwske hânskriften online: "Echt ferskuorrende moai"

In fyftichtal midsiuwske hânskriften fan Tresoar is tenei foar eltsenien online troch te blêdzjen. Se binne digitalisearre foar it projekt eCodicesNL. "It is echt ferskuorrende moai om te sjen", seit Arjen Dijkstra, direkteur fan Tresoar.
Yn Nederlân binne goed 90 ynstellingen dêr't midsiuwske manuskripten bewarre wurde. It is in unike samling, fan grut belang foar de Europeeske, Nederlânske, mar ek Fryske skiednis en identiteit.
Parten fan de kolleksjes binne al online te finen, mar net allegearre en ek net byinoar op ien plak. It projekt eCodicesNL moat dêr feroaring yn bringe. Nei ynternasjonaal foarbyld is der in portaal opset om it erfgoed tagonklik te meitsjen.

It projekt is útfierd by it Huygens Instituut. De inisjatyfnimmers fan it projekt sochten gearwurking mei trije organisaasjes foar de pilot. Njonken ynstellingen yn Deventer en Den Haag ek Tresoar, it histoarysk sintrum yn Ljouwert.
52 manuskripten út Fryslân
Tresoar levere foar de pilot 52 manuskripten oan. "Wy besykje om alle midsiuwske manuskripten út Nederlân digitalisearre te krijen, sa't dy te rieplachtsjen binne foar ûndersikers en gewoane minsken. Sa kin eltsenien derfan genietsje en dermei wurkje", sa leit Dijkstra fan Tresoar út.
De webside hat in grut foardiel, seit hy. "No kinne je ynienen mear as fyftich fan ús manuskripten samar mei-inoar ferlykje, wylst je by in ûndersyksynstitút gewoanwei ien of twa op in taffeltsje krije om te besjen en wat foto's te meitsjen."

Op de webside is de kolleksje trochsykber makke: der binne scans fan hege kwaliteit te finen, dêr't goede beskriuwingen oan taheakke binne. Yn de takomst brûke sa alle kolleksjes deselde struktuer en standerts.
"Der sitte ferhaaltsjes by mei útlis wat it no krekt is, hoe't it earne bedarre is, wa't it makke hat en hoe't wy witte dat it sa âld is. Ik tink dat der in soad leuks by sit foar alle minsken dy't wat niget hawwe oan skiednis en âlde dingen."

Op eCodicesNL is ek de folsleine Richthofenkolleksje te finen, mei rjochtsteksten dy't koartlyn in UNESCO-status krigen hawwe. Der binne ek oare Aldfryske wetten, bibels en teksten te finen.
It âldste hânskrift fan Tresoar
Dijkstra neamt in foarbyld: Attyske Nachten. "It is it âldste boek dat wy hawwe, miskien wol it âldste boek fan it lân. In Gryksk-Latynske tekst út de âldheid, skreaun yn de earste iuw. Yn 836 is dat hânskrift kopiearre, en dy kopy hawwe wy."
De kopy is yn it kleaster Fulda makke fan in hânskrift fan de sekretaris fan Karel de Grutte (747-814), ien fan de grutste foarsten yn de skiednis. "It is kopiearre yn Dútslân en ferkocht en úteinlik bedarre it yn de Universiteitsbiblioteek fan Frjentsjer."
It is net te leauwen, dat boek is gewoan 1200 jier âld. Ast it sjochts, soest net sizze dat it âlder is as it âldste stiennen hûs yn Fryslân.
In tige wichtich dokumint, seit Dijkstra. "It is net te leauwen, dat boek is gewoan 1200 jier âld. Ast it sjochst, soest net sizze dat it âlder is as it âldste stiennen hûs yn Fryslân. Om dat by ús oan te reitsjen by ús moatte je spesjaal tastimming hawwe, mar no kin eltsenien it besjen."

De eCodicesNL-pilot begûn yn septimber 2020, mar yntusken is besletten it projekt troch te setten. It portaal wurdt útwreide: "Wy hawwe no in pear hûndert hânskriften online, mar wy wolle eins alles online. Uteinlik moat de rest fan ús hânskriften der ek by komme, al sil dat noch wol efkes duorje. Dat is it grutte doel."
Ald skrift falt te learen
No binne dy midsiuwske hânskriften net samar foar eltsenien te lêzen. Mar dat moatte minsken net as in drompel fiele, seit Dijkstra. "Fansels, it is âld skrift en in soad fan dy manuskripten binne yn it Latyn, Aldnederlânsk of Aldfrysk. Dan tinke wy al gau: dat stiet wol hiel fier by my wei."
Mar úteinlik kin eltsenien dat yn in pear wiken leare, tinkt Dijkstra. "Je moatte je der wol efkes foar ynsette, mar úteinlik slagget dat. Dus ik soe sizze: sneupe troch dy âlde hânskriften."