Tunnel yn A7 krijt folslein nije fundearring, reparaasje duorret in jier

It akwadukt by Twellegea is wer iepen foar ferkear © Kappers Media
De folsleine fundearring fan de Prinses Margriettunnel yn de A7 tusken Snits en De Jouwer moat fernijd en fersterke wurde. It wurk oan de tunnel set op 15 juny útein en duorret ûngefear in jier, dat meldt Rykswettersteat.
De ôfrûne tiid is der ûndersyk dien nei de oarsaak fan de problemen mei de tunnel. It docht bliken dat de saneamde trekpeallen, lykas al tocht waard, by inkelde ûnderdielen fan de tunnel kapot gien binne. As dy net opknapt wurde, is de feilichheid yn de tunnel net mear te garandearjen. Besletten is no om alle 1.450 trekpeallen te ferfangen.
In stikje fan in trekpeal © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Ek de tunnelwanden moatte steviger ferankere wurde. In omheechkommend tunnelsegmint soarge yn desimber 2022 en de earste moannen fan dit jier foar in protte oerlêst op de dyk tusken De Jouwer en Snits. Dat stik fan de A7 gie sels in skoft hielendal ticht, om't it net mear feilich wie om der auto's oerhinne ride te litten.
Yntusken is yn beide rjochtingen ien rydstripe wer iepen. Dit koe om't it omheechkommende segmint mei in grut oantal bigbags fol sân weromdrukt waard.

Trekpeal

Mei in spesjale konstruksje wurde de trekpeallen troch de betonnen flier board. Neffens Rykswettersteat is it net mooglik dat der hjirby wetter omheechkomt. Dêrom is it net nedich om it grûnwetterpeil te ferleegjen. Dat soarget derfoar dat de skea oan omlizzende bebouwing beheind bliuwt.
By de wurksumheden bliuwt ien rydstripe yn beide rjochtingen beskikber foar it ferkear. Mooglik is in ôfsluting yn in nacht of wykein wol nedich om it wurk út te fieren.
It ûndersyk nei de fraach wêrom't de trekpeallen kapot gien binne, wurdt nei ferwachting takom neijier ôfrûne.