FIDEO: Friezen lizze krânse yn België as earbetoan oan âld-keatser Johannes Brandsma

Earbetoan oan Johannes Brandsma
In groepke fan seis Friezen hat yn it Belgyske Braine le Comte in krânse lein as earbetoan oan keatser Johannes Brandsma. Brandsma hat twa perioades as semy-prof aktyf west yn Braine le Comte.
Hy wie dêr, krekt as yn Fryslân in fenomeen. De krânse is yn de kiosk lein, tichtby it gemeentehûs en it plein dêr't de pelotewedstriden barre.
Brandsma stoar yn de nacht fan 30 op 31 maart dit jier. Hy waard 65 jier.