Skûtsjemuseum yn Earnewâld draait al 25 jier op de passy fan syn frijwilligers

Frijwilligers oan de gong by it Skûtsjemuseum © Omrop Fryslân, Jantine Stoffers
Frijwilligers fan it Skûtsjemuseum binne hurd oan it wurk om alles klear te krijen foar it wykein. It museum yn Earnewâld bestiet 25 jier en dat wurdt grut fierd. Sneon is der in iepen dei: mar foar't it safier is, moat der noch wol wat barre.
Under it genot fan in bakje kofje nimme de frijwilligers de dei troch. "Oalje op it izerwurk bûten, dat soe Jelle dwaan. Attributen, dat doch ik sels", seit de koördinator. Hy hat in listje mei taken foar de dei.
It museum draait folslein op frijwilligers. En mei dy minsken foarsitter Jan de Wilde tige wiis: "Je sjogge dat de minsken passy ha foar dit museum."
It Skûtsjemuseum yn Earnewâld bestiet 25 jier
"It moat hjir goed ûnderhâlden wurde", seit frijwilliger Wieger. "It giet om in skûtsje der't myn pake noch wol op laden hat."
Jelle wurket graach as frijwilliger by it museum. "Sjochst it wol oan it resultaat en oan hoefolle besikers der komme. It is altyd gesellich en dat is hiel wichtich."
Yn it Skûtsjemuseum © Omrop Fryslân, Jantine Stoffers
Yn 1997 begûn de bou fan it museum. In jier letter folge de offisjele oprjochting. Age Veldboom is ien fan de minsken dy't it museum oprochte hat.
"Wy hiene in sylbedriuw mei skûtsjes en in hiel soad minsken kenden de histoarje net. De âldere generaasje is stadichoan ferdwûn en de jongere generaasje wit dat allegear net. Edukaasje, dat fûn ik belangryk."

Oan elts objekt in ferhaal

Oan it âlde materiaal kleeft in ferhaal, seit Veldboom. "Dy frou op dy foto kin net fertelle hoe swier it wie op har klompkes, as sy dat skip lûke moast. En dat grutte seil dat dêrachter leit en hielendal skuord is. Oan elts materiaal sit in ferhaal."
Foar foarsitter De Wilde is it wichtich dat it guod beskikber bliuwt foar de kommende generaasjes. "Ik wol graach dat minsken oer 50 jier noch witte wat skûtsjes betsjutte. Ik ha myn hert hjir wol in bytsje ferlern."
It museum is mear as allinne in útstalling, leit Veldboom út. "It is wichtich dat dy bern sels fiele wat it is om sekken mei moal oan board fan it skip te heljen. En dat sy knopen oefenje. Sa binne der folle mear dingen dy't sy hjir sjen, rûke, fiele en priuwe kinne. It giet om de belibbing."
De frijwilligers kinne har net mear in wrâld sûnder Skûtsjemuseum yntinke
Dizze freed is der in feest foar alle frijwilligers. Sneon hat in museum in iepen dei mei allegearre aktiviteiten. "Alle âlde ambachten binne te sjen en dwaan", seit Veldboom. "Hout bûgje, toudraaie en fokhise, en dêrnei ha wy noch in sylwedstriid."