Foarsitter Fytsalvestêdetocht: "Noch nea safolle wurksumheden op 'e rûte"

© Arjen Bosselaar, Omrop Fryslân
Oan ferskate stikken op de rûte fan de Alvestêdefytstocht wurdt dizze wike noch hurd wurke oan de dyk. Stephan Rekker, foarsitter fan de tocht, fytste ôfrûne wykein de 235 kilometer.
Hy seach dat der noch wol wat wurk te fersetten is. "Alle jierren binne der wol wat knipepunten op de rûte, mar safolle as dit jier hawwe it der noch net earder west."
Ien fan dy punten sit op in lytse trije kilometer fan de start. Krekt bûten Boalsert is it krúspunt fan de Westergowei en de Easterhimwei ien grutte bouput. Om alle 15.000 dielnimmers feilich nei de oare kant te krijen, wurdt de dyk op Pinkstermoandei tusken 05.00 oere en 09.00 oere ôfset.

Problemen

"Dat dogge we om't it hjir oars in gaos wurdt, sa krekt nei de start", leit Rekker út. "Op dizze wize kinne wy de fytsers mei in lyts luske oer de rotonde ride litte. Dan kinne se sa troch nei Harns."
De Fytsalvestêdetocht wurdt útstjoerd yn gearwurking mei RTV NOF en Omroep Zilt op Pinkstermoandei, 29 maaie. Fan 8.00 oere ôf is de tocht te sjen en te hearren by Omrop Fryslân fia radio, telefyzje en ús webside en app. De tocht is oant 22.00 oere te folgjen.
Omrop Fryslân makket ek in gearfetting fan de hiele dei. Dy is tiisdeitejûn 30 maaie te sjen.
By syn eigen fytstocht fan ôfrûne wykein kaam Rekker ferskate problemen tsjin. "By Harns binne se oan de dyk dwaande, lykas by Herbajum. Dan ha we noch in stikje by Snits dat we yn de gaten hâlde, en ek by Balk ha we in alternatyf op it each."
"Op in hiel oar stik, by Ferwert, kinne wy bygelyks net troch it doarp mar moat we der omhinne. En in mooglik grut probleem leit hjir in stikje fierder, by Kubaard."
© Arjen Bosselaar, Omrop Fryslân
Himelsbreed fjouwer kilometer fierder, by de Burchwerter Hoeke, is de provinsjale dyk ek in grutte bouput. De fytsers fan de Fytsalvestêdetocht ha der hjir al rom 140 kilometer opsitten, neffens Rekker. "Dit is eins it begjin fan wat wy de súdlus neame. Dielnimmers moatte dan noch sa'n 93 kilometer fytse."

Gefaarlik

Fytsers komme út de richting fan Kubaard wei. It fytspaad dat der no leit bestiet út rubberen matten. "Dêr kinst gjin 15.000 minsken oerhinne stjoere. Mei wat rein derby wurdt it boppedat ek noch glêd en dus gefaarlik, dus hjir meitsje ik my wol wat soargen oer."
"Se ha my krekt noch fersekere dat se woansdei begjinne mei it asfalt, dus litte we dêr mar fanút gean. Foar dit punt is der eins gjin alternatyf te betinken, dus as it net goed komt ha we wol in probleem hjir."