HEA! Bilkerts yn de HEA!-caravan

HEA! De HEA!-caravan yn Sint Anne
In feestlike stimming yn Sint Anne: it is merke en de oldtimers fan de Alvestêderally komme troch it doarp. Ferskate Bilkerts komme del yn de HEA!-caravan by de Van Harenstsjerke om har ferhaal te dwaan.
Sa wol Jacob Herrema fan de Aldebiltdyk syn samling stasjonêre motoaren wol graach sjen litte. Hy mei der graach hiele dagen mei dwaande wêze.
Yn it lytse winkeltsje fan Tjipke Pasma is alles te finen op it mêd fan blaasmuzyk. Pasma is sels hoarnist, en hy reparearret ek blaasynstruminten. Mark de Jong hat in oar doel: hy komt efkes del yn de caravan om te fertellen dat hy noch in freondinne siket.