Nei Bosschaart nimt SC Cambuur ek ôfskie fan assistint-trainer Alflen

Assistint-trainer Rob Alflen (rjochts) neist Sjors Ultee © Orange Pictures
Assistint-trainer Rob Alflen giet nei dit seizoen fuort by SC Cambuur. It is de twadde assistint fan trainer Sjors Ultee wêrfan't it kontrakt net ferlinge wurdt.
Doe't Ultee yn novimber presintearre waard as nije trainer fan Cambuur, waard al gau dúdlik dat Alflen yn syn skaad meikomme soe. Beiden wurken al earder gear, ûnder oaren by Fortuna Sittard.
Dêr't Ultee in kontrakt foar oardel jier tekene, krige Alflen in kontrakt oant en mei de ein fan dit seizoen. Dêroer hat de klup no besletten om dat net te ferlingjen. Ta frustraasje fan Ultee, dy't Alflen graach behâlde woe.
Net allinnich Alflen hie wat Ultee oanbelanget yn de technyske stêf bliuwe kinnen. Ek Pascal Bosschaart hie om de trainer net fuort hoegd. Syn ôfrinnende kontrakt wurdt ek net ferlinge, waard ein maart bekend.

Barto en Van der Vlag

Ek de kontrakten fan assistint Martijn Barto en keeperstrainer Peter van der Vlag rinne nei dit seizoen ôf. Dêrfan hat de klup sein dat se mei harren yn petear wolle om te praten oer ferlinging. Dat sjocht der goed út. De kâns is grut dat beiden langer by Cambuur bliuwe.
Cambuur-direkteur Ard de Graaf wol der net ynhâldlik op yngean: "Wij zijn de staf op dit moment aan het invullen. Over niet al te lange tijd komen we daarmee naar buiten. Ik ga geen individuen uitlichten, omdat we het hele plaatje willen invullen."