'Expeditie Verwonderland' ferbynt Ljouwerters met in teätrale preamtocht

Karin Idzinga fan Het Generatiehuis © Omrop Fryslân
It bringt alleranne slach folk út Ljouwert mei-inoar yn ferbining en nimt it publyk mei op in reis. 'Expeditie Verwonderland' is in foarstelling fan Het Generatiehuis, mei ûnder oare muzyk, teäter en dûns.
Fiif dagen lang fart in pream oer de Dokkumer Ie op ekspedysje. "Het gaat om het loslaten van het hier en nu. Naar een andere plek toe gaan: Verwonderland", sa leit Teuni út, ien fan de dielnimmers. "De contacten met mensen, het toneelspelen, het is één groot samenspel."

Ljouwerter wiken mei-inoar ferbine

Het Generatiehuis is in stichting dy't him ynset om kultuer leechdrompelich by de ynwenners fan Ljouwert te bringen. It set kulturele projekten op, ek rjochte op minsken mei in lytse beurs. Het Generatiehuis krijt subsydzje fan de provinsje en de gemeente.
Karin Idzinga fan de organisaasje fertelt dat Expeditie Verwonderland binnen it projekt 'Kunst in je buurt' past. "Daarmee komen buurtbewoners met elkaar in contact, zijn ze creatief bezig en zorgen ze voor verbinding."
Eltsenien hat syn eigen ynfolling fan de reis.
Cynthia, ien fan de akteurs
"Verwonderland is foar eltsenien oars", seit Cynthia, ek ien fan de akteurs. "Mar foar my is Verwonderland kleur, wille, lekker dysels wêze. Wy neame it publyk mei nei Verwonderland. By ús begjinst. Eltsenien hat syn eigen ynfolling fan de reis."
Cynthia kaam yn 'e kunde mei it kulturele projekt trochdat har mem al ien fan de dielnimmers wie. "Sy hat ferline jier ek meidien. It is moai om't it ticht by de maatskippij stiet, mei ferskillende soarten minsken. Guon sûnder ûnderfining, oaren mei. It is in grut ferskaat. Je meitsje it mei-inoar, dat is it leukste."

Magyske reis oer de Dokkumer Ie

It toanielstik sit oan it begjin fan de rûte. Besikers farremei preammen oer de Dokkumer Ie hinne. Op de boat fertelle 'Steampunkers' ferhalen tusken de foarstellingen troch.
"We varen een stuk door Leeuwarden, eindigend in Snakkerburen. Onderweg komen we fantastische dingen tegen: theater, dans,een klaagkoor, een singer-songwriter, een operazangeres."
De foarstellingen binne fan 31 maaie oant en mei 4 juny. Der binne noch kaarten beskikber.
Expeditie Verwonderland ferbynt ynwenners fan Ljouwert mei kultuer