Kees van der Schoot ferfangt blessearre Dylan Drent, dy't better as oait weromkomme wol

Kees van der Schoot © Dijks Fotografie
Dylan Drent komt dit keatsseizoen nei alle gedachten net mear yn aksje. Yn de twadde syklus wurdt er yn it partoer mei Marten Bergsma en Hendrik Kootstra ferfong troch Kees van der Schoot.
De earste frijeformaasjepartij fan it seizoen stie Drent noch wol op it fjild, mar nei twa omlopen moast er ophâlde. Hy hat al sûnt ferline jier lêst fan it skouder. De lêste twa frijeformaasjepartijen waard Drent ferfong troch Jacob Wassenaar, mar foar de kommende syklus is keazen foar Van der Schoot.
"Wij hebben er met elkaar goed over gesproken", fertelt Drent oer it petear mei syn maten. "Ik heb gezegd dat ik denk dat het beter is dat ze een ander zoeken. Ik ben hartstikke blij met de keuze voor Kees. Hij is hetzelfde type als ik ben. Een verbaal sterke kaatser, dat hebben de jongens nodig."
Van der Schoot keatste yn de earste syklus op de earste klasse mei Redmer Zaagemans en Laas Pieter van Straten. De twadde syklus begjint op 11 juny mei in wedstriid yn Stiens.
Dylan Drent yn bettere tiden © Dijks Fotografie
Foar Drent bliuwt it dit seizoen warskynlik by de twa omlopen yn Frjentsjer. Heal juny wurdt der in scan makke fan syn skouder om te sjen wat it probleem is. Hy hopet dêrnei sa gau mooglik ûnder it mes te gean.
"Het is hartstikke kut", seit de Harnzer, dy't dit seizoen in oare rol op him nimme sil. Coach Romke van der Beek fan it partoer krijt der in assistint by. "Ik denk dat ik de beste coach ooit ga worden."
Drent rjochtet syn pylken fêst op it folgjende seizoen. Dan hopet er, as er wer better is nei syn blessuere, keatse te kinnen. "Ik kom er wel achter dat ik nog lang niet klaar ben met het spelletje. Je mist het veel meer dan verwacht. Ik ga er alles aan doen om sterker terug te komen dan ik er ooit heb gestaan."