Lêste fertochte rellen Cambuur-Hearrenfean meldt him

De lêste fertochte fan de rellen by de wedstriid Cambuur tsjin Hearrenfean yn febrewaris hat him meld. Nei oanlieding fan dy rellen wie de plysje op syk nei meardere fertochten.
Moandei melde him in oare fertochte. De njoggen persoanen wurde fertocht fan belutsenens by de rellen nei de wedstriid tusken de twa Fryske klups op 19 febrewaris. Sân fertochten koenen ferline wike al oppakt wurde foar de ûngeregeldheden nei de wedstriid.
De plysje hat drige om de lêste fertochte werkenber yn byld te bringen, nei't earst in foto mei in blurd gesicht dield waard. De plysje hat dy foto's yntusken fuorthelle en fregen elkenien dy't de bylden dield hat dat ek te dwaan.