Gemeentehûs Dokkum feestlik iepene nettsjinsteande wetterskea troch kat

It gemeentehûs yn Dokkum is moandeitemiddei feestlik iepene. It wie noch even spannend oft de plande iepening wol trochgean koe, omdat der wetterskea yn in fleugel fan it gebou ûntstien wie troch in kat.
De kat wie it gemeentehûs mei de nijbouwurksumheden binnenkaam en hie by fersin de wetterkraan opset. Hjirtroch is der focht yn de muorren en it meubilêr kaam. Ek is der wetter troch de flier nei de kelder lekt.
Wetterskea yn in part fan it nije gemeentehuis © Gemeente Noardeast-Fryslân
It pân koe moandei wol iepene en yn gebrûk naam wurde, mar de linkerfleugel bliuwt noch wol in skoftke ticht yn ferbân mei wetterskea.

Feestlike iepening

It goed tweintich jier âlde pân wie oan ferfanging ta en is hielendal fernijd. It gebou moast ferduorsume wurde en der moast mear romte komme foar foarsjennings.
Der binne ûnder oare nije balys pleatst, om ynwenners better ûntfange te kinnen. Ek binne der mear wurk- en oerlisromtes foar meiwurkers makke, sadat der genôch romte is nei de gearfoeging fan eardere gemeenten Dongeradiel, Ferwerderadiel en Kollumerlân c.a..
Amtner Janko van Lingen is bliid mei syn nij wurkplak: "We sitte no hiel sintraal yn de gemeente. It is in hiel moai wurkplak, dus we ha in hiel soad sin en nocht om hjir te wurkjen." Syn kollega Anja Brouwer is it mei him iens: "Het is mooi licht en modern, van alle gemakken voorzien."
Suupmarkt en De Zijl yn Dokkum © Omrop Fryslân, Daniël de Boer
De miljoeneferbouwing fan it gemeentehûs begûn ôfrûne simmer en is de earste faze fan de hiele ferbouwing fan de gemeente Noardeast-Fryslân. Yn de twadde faze sil de lokaasje oan de Suupmerk oanpast wurde. Hjir komme de riedseal, oerlisromtes en in wurkkafee. It is noch net bekend wannear 't de hiele ferbouwing klear is.