Troch de Hegemer Mar kin Heech daliks miskien fan it gas ôf

De frijwilligers fan Warm Heeg mei taskes fol folders © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
Hiel it doarp Heech ferwaarmje mei waarmte fan de Hegemer Mar. It liket suver sciencefiction, mar korporaasje Warm Heeg is der tichtby om Heech op dizze wize fan it gas ôf te krijen.
As yn Heech de belle giet dizze wiken, kinne je gewoan iepen dwaan. It binne frijwilligers fan korporaasje Warm Heeg. Sy wolle 75 prosint fan it doarp bine oan it nij op te rjochtsjen Hegemer enerzjybedriuw. Want dan kinne waarmtepompen ynstallearre wurde dy't wurkje mei opsleine waarmte fan de Hegemer Mar.

Waarmte opslein

In oantal Hegemers is al jierren yn it spier om Heech sa folle mooglik fan it gas ôf te krijen. No komt de realisaasje wol hiel tichtby, seit Lucie Gelderblom fan Warm Heeg: "We hebben het echt goed berekend en een zo goed mogelijk tarief samengesteld. We zijn ervan overtuigd dat we een mooi systeem aan kunnen bieden, met vaste prijzen."
Goed foar de wrâld dus, mar ek goedkeaper foar de brûker. En dat dus mei ferwaarming fan Heech har eigen mar: "In de zomer komt het water boven een bepaalde temperatuur. Daar kunnen we de warmte dan aan onttrekken en opslaan. Dat kan gebruikt worden voor warm water het hele jaar door en verwarming in de koudere maanden."
Wethâlder Henk de Boer helpt Hegemers te oertsjûgjen © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
Om Heech fossylfrij te meitsjen, moat it boadskip him iroanysk genôch as in oaljeplak oer it doarp ferspriede. 75 persint moat him oanslute om it projekt trochgean te litten. "Dat moet ook echt. Heeg heeft er niks aan als we een warmtebedrijf starten dat niet gezond is. De potentiële kandidaten moeten echt voor 1 juli aangemeld zijn. De banken willen natuurlijk ook zekerheid", seit Gelderblom.
Winkeleigener Stefan de Jong krijt ien fan de earste folders. Hy fynt it inisjatyf in goed plan: "Ik bin hartstikke foar! Dit is in goeie stap rjochting de takomst. It besparret nei alle gedachten in soad kosten."

Ynvestearje yn ynduksje

Minsken dy't meidogge moatte trijetûzen euro betelje foar de oansluting, mar fia subzydje krije se dat werom. Wol moatte ynwenners der rekken mei hâlde dat der bygelyks in ynduksjeplaat komt yn de keuken.
De Jong: "As wy op dy wize fan it gas ôf kinne, wat ek kosten besparret, is it dy ynvestearring wol wurdich. Mar ik haw de folder krekt, dus dat sille wy ûndersykje."
De Hegemer Mar © Shutterstock.com (Tom Goossens)
De gemeente helpt Warm Heeg te fasilitearjen en subsydzjes oan te freegjen. Neffens wethâlder Henk de Boer is it in foarbyld fan hoe't ferduorsuming út de mienskip komme kin.
Mooglik kinne oare doarpen oan marren sokke projekten ek realisearje. Foarearst helpt de wethâlder Heech mei it oertsjûgen fan bewenners: "Litte wy earst dizze projekten fierder bringe. As wy daliks projekten sjen litte kinne dy't goed wurkje, kinne wy der yn de gemeente fierder mei."