Ynrin foar oanpast sporte lit ferienings sjen hoe om te gean mei minsken mei in beheining

De sportstrûs-yn yn Frjentsjer © Omroep Zilt, Larissa Lokenberg
Sporte is wichtich foar eltsenien. Seker ek foar minsken mei in beheining. Dêrom is der eltse moanne in g-sportstrûs-yn yn De Trije yn Frjentsjer. Minsken mei in beheining kinne dêr yn kontakt komme mei tal fan sporten.
Sportferienings fine it faak dreech om wat op te setten foar dizze doelgroep. "Vaak merken we dat het best wel een drempel is om bij een reguliere sportvereniging te komen", seit Gaby Stienstra, buertsportcoach yn de gemeente Waadhoeke. "Ze hebben misschien wel een beperking die hun soms belemmert. Niet alle verenigingen in Waadhoeke doen daar iets mee."
Neffens Stienstra is it wichtich dat sportferienings wêr mooglik oanpassings dogge sadat minsken mei in beheining ek meidwaan kinne.
Om sjen te litten dat it echt wol mooglik is om sokke oanpassings te dwaan, wurdt de strûs-yn organisearre. Net allinnich kinne minsken mei in beheining sa yn de kunde komme mei ferskillende sporten, mar it lit ek oan ferienings sjen hoe't sy omgean kinne mei minsken út dy doelgroep.

Sosjale kontakten

Sportclup Samen-Spel biedt yn Harns en Frjentsjer swimmen, bowlen en fuotbal oan foar minsken mei in beheining. Neffens bestjoerslid Ria Raukema fan de feriening is soks hiel wichtich. Net allinnich om yn beweging te wêzen, mar ek foar de sosjale kontakten.
Raukema har soan, Lars, hat in beheining en fuotballet by Samen-Spel. "Hy hat der in hiel soad wille yn. Dat is it wichtichste."