Stakingen by sosjale wurkfoarsjenningen: "Guon minsken sitte hjir oant gûlens ta"

De meiwurkers fan Dokwurk hawwe it wurk dellein © Omrop Fryslân
Wurknimmers fan sosjale wurkfoarsjenningen yn Fryslân hâlde moandei, tiisdei en woansdei in stakingsestafette. De meiwurkers wolle in leansferheging fan goed tsien persint en in ferdûbeling fan harren reiskostefergoeding.
By de sosjale bedriuwen wurkje minsken dy't in ôfstân hawwe ta de arbeidsmerk. De cao dy't no jildt, is noch foar de grutte ynflaasje fan it ôfrûne jier tekene.
De meiwurkers fan Dokwurk leinen moandeitemoarn as ien fan de earsten it wurk del
De wurknimmers fan Dokwurk yn Dokkum leinen moandeitemoarn tusken 11.30 en 12.00 oere it wurk del. Wiebe de Boer is ien fan harren. Hy wurket al fjirtich jier by de sosjale wurkfoarsjenning fan de gemeente Noardeast-Fryslân.
De Boer fernimt dat der guon kollega's binne dy't hast net mear rûnkomme kinne. "Guon minsken sitte hast oant gûlens ta. Dat docht my sear", seit er. "Ik fernim de lêste jierren dat de minsken it swierder krije. Oars hienen se fyftich euro yn de wike. No ek noch, mar se kinne der noch mar de helte foar krije. Dat is net sa't it moat."
Wiebe de Boer fan Dokwurk © Omrop Fryslân
De sosjale wurkfoarsjenningen falle ûnder de gemeenten. Dat betsjut dat de wurknimmers dêr formeel yn tsjinst binne. De cao fan de amtners by dy gemeenten is resint noch iepenbrutsen mei in foarse leansferheging. Dat stekt, seit De Boer. "De amtners kinne it wol goed foar inoar krije. Wêrom kinne wy it dan net? Wylst it ús eigen bazen binne."
Neffens Elanda de Boer fan fakbûn FNV is dat ek krekt de striid dy't hjoed fierd wurdt. "Ze verdienen meer, ze zijn niet minder", seit se. "Het is heel oneerlijk. De mensen onder de cao 'gemeente' hebben wel een inflatiebonus ontvangen vorig jaar. Ook is er voor hen een goede cao met loonsverhoging afgesproken. Dat komt van dezelfde gemeente. Dus de gemeente maakt hier onderscheid tussen mensen met en zonder arbeidsbeperking. Dat vinden wij niet goed."
De measte gemeenten sizze de meiwurkers fan de sosjale wurkfoarsjenningen wol mear betelje te wollen, mar dêr net genôch jild foar te hawwen. Dat jild soe neffens harren fan it Ryk komme moatte.

Mear aksjes

Op tiisdei lizze de wurknimmers fan Empatec yn Frjentsjer en Snits it wurk del. It stokje wurdt dêrnei trochjûn oan de wurknimmers fan Caparis yn Ljouwert, Drachten en It Hearrenfean.
As it nedich is, dan folget der op 7 juny in lanlike aksjedei yn Utrecht.