Wetterskip Fryslân rekkenet op mear jild út Den Haag en Brussel

It nije deistich bestjoer fan Wetterskip Fryslân mei Alice van Gosliga (BBB) en formateur Klaas van Weperen © Omrop Fryslân
De begrutting fan Wetterskip Fryslân strûpt ûnder as der net mear jild komt fan it Ryk en Europa foar de grutte útdagingen fan it Wetterskip. Dat sei it nije deistich bestjoer fan it Wetterskip moandei by de presintaasje fan harren koälysje-akkoart mei as titel 'Mei-inoar wurkje oan wetter, foar no en letter!'.
Ien fan de ambysjes fan it Wetterskip is om mear reinwetter dat yn it winterhealjier falt, fêst te hâlden foar drûgere perioades. No wurdt it measte wetter noch spuid op de Iselmar en Waadsee. Hoefolle wetter it krekt ekstra opslaan wol, stiet net yn it nije koälysje-akkoart.
Soks realisearje is in saak fan de lange termyn, fertelt it nije deistich bestjoerslid Cees Pieter van Burgsteden. It is it doel om yn it foarste plak ekstra ekstra wetteropslach te regeljen yn de drûgere dielen fan Fryslân, lykas de sângrûnen yn it súdeasten. De gebietsprosessen yn it ramt fan it Frysk Programma Lanlik Gebiet (FPLG) soene dêr kânsen foar biede.

Wetterskipslesten

Gemeentesiktaris Remco van Maurik fan Weststellingwerf is de beëage finansjele man yn it nije deistich bestjoer. Hy fynt it 'logysk' om nei de grutte fûnsen te sjen dy't it Ryk en Europa beskikber hawwe foar 'klimaatadaptaasje'. "Het is niet houdbaar om de kosten alleen bij de Friese belastingbetaler neer te leggen", seit Van Maurik.
Krekt oarsom, it nije deistich bestjoer stribbet dernei om de wetterskipslesten 'net mear as de ynflaasje' tanimme te litten. "Het Wetterskip voert maatschappelijke taken uit op het gebied van de klimaatverandering. Als daar grote fondsen voor zijn in Den Haag en Brussel is het niet meer dan logisch dat het Wetterskip geld krijgt voor het werk dat wij doen."
Wetterskip Fryslân tidiget op mear jild út Den Haach en Brussel
It Wetterskip wol de kommende tiid ekstra ynvestearje yn in 'stevige lobby' yn Den Haag en Brussel om te soargjen foar de needsaaklike ekstra jilden.
Melkfeehâlder Gerben de Boer út Turns sil him yn it nije deistich bestjoer spesifyk dwaande hâlde mei it feangreideprogramma. De Jong wol, nei jierren fan praten, sa gau mooglik 'meters meitsje' mei dit programma. "Yn de pilotprojekten by Aldeboarn en Idzegea hawwe boeren al stappen set, mar noch gjin sint sjoen. Om de motivaasje en de gong der yn te hâlden is it belangryk om spikers mei koppen te slaan", sa seit De Boer.

Maatregels ferhastigje

Ek op it mêd fan wetterkwaliteit lizze der grutte útdagingen. It oerflaktewetter moat op syn lêst yn 2027 foldwaan oan de noarmen fan Europeeske Kader Richtlijn Wetter (KRW). It nije bestjoer sil dêrom besykje om maatregels te ferhastigjen, mar heakket deroan ta dat no al dúdlik is dat net oeral yn Fryslân de stelde noarmen helle wurde kinne.
Wat helpe kin, is it fuortheljen fan de saneamde rioeloerstoarten. Dat binne foarsjenningen wêrby't ôffalwetter nei it oerflaktewetter streamt as der in soad reinwetter is. It Wetterskip wol hjir ôfspraken oer meitsje mei de gemeenten yn Fryslân.
It koälysje-akkoart wurdt tiisdeitejûn besprutsen yn it algemien bestjoer fan Wetterskip Fryslân. Op dizze gearkomste wurdt ek stimd oer de fiif beëage deistich bestjoersleden Gerben de Boer, Cees Pieter van Burgsteden, Frank Jorna, Remco van Maurik en Monique Plantinga. Omdat de nije koälysje in tige breed draachflak hat yn it algemien bestjoer, sil dat nei alle gedachten gjin problemen opsmite.

CDA bûtenspul

It CDA stiet by de formaasje bûtenspul en is min te sprekken oer de gong fan saken. CDA-listlûker Sjoerd Galema neamde de hannelswize fan formateur Klaas van Weperen ferline wike noch 'bryk'.
Van Weperen is net ûnder de yndruk fan dy krityk. "Dat it sa út en troch spatteret by sa'n proses, dat heart der by. Dêr krij ik enerzjy fan", sa sei de formateur. Neffens him soe Galema him 'net goed begrepen hawwe' by in petear oer potinsjele leden fan it deistich bestjoer.