Mei kroaden fol sûne grûn oer strjitte foar de dei fan it bioferskaat

Mei kroaden rinne om omtinken te freegjen foar in goede sûne boaiem. Dat is wat studinten fan Aeres en Hegeskoalle Van Hall Larestein moandeitemoarn dienen.
Se kuieren fan de skoalle nei de Dairy Campus yn Ljouwert, in tocht fan goed fiif kilometer. Dit alles yn it ramt fan de dei fan it bioferskaat. "Yn it ûnderwiis ferjitte we wolris dat we by it begjin begjinne moatte", seit dosint Jacob Duinstra. Hy jout les op Van Hall Larestein.
"As ûnderwiis ha we yn it ferline benammen sjoen nei it fertsjinnersmodel foar de boer. Dat moat fansels ek goed wêze, mar je moatte net ferjitte dat je by it begjin begjinne moatte."
Op 'en paad mei sûne grûn foar de dei fan it bioferskaat
Dat begjin is goede en sûne grûn, sa seit Duinstra. "We steane as dosinten ek wolris by in stikje grûn yn krûderyk gerslân. Je sjogge neat, mar at je je der echt ferdjipje, sit der echt in soad libben yn."
'It kin wol oars'
Dat is ek wat de learlingen wolle. Sy sjogge ek it belang fan sûne grûn. "Dêr binne we yn de feehâlderij en ikkerbou al mei dwaande", seit Mina Haarsma. Sy sit yn de tredde fan it vmbo en wol graach boerinne wurde. "It kin wol oars', seit de learlinge.
De tocht mei de appelbeammen en sûne grûn is noch mar it begjin. Takom wike kuieret in groep nei Brussel ta. Dêr wurde se ûntfongen troch Eurokommissaris Frans Timmermans. Hy nimt dan in manifest yn ûntfangst wêryn't omtinken frege wurdt foar in sûne boaiem.