Ploech út Utrecht roeit de Alvestêdetocht om sike minsken in 'buddy' te jaan

© Omrop Fryslân
Twa buorlju út Utrecht kamen op it idee om yn Fryslân te roeien foar it goede doel. De ien sit by in roeiferiening, de oar hat in stifting. De roeiers helje jild op om earnstich sike minsken in maatsje te jaan, sadat dizze minsken harren ûnderfinings diele kinne.
De Alvestêdetocht moast it mar wurde, tocht inisjatyfnimmer en roeier Frank Reitz: "We wilden eerst de HT-race roeien, maar daar waren we voor uitgeloot. Toen wilden we wel echt een uitdaging en de Elfstedentocht spreekt iedereen aan, ook wij Utrechters."
Sechstjin roeiers sille yn de sloep yn wikseljende formaasjes de 200 kilometer ôflizze. De ien roeit alles, de oar in pear tsientallen kilometers. Dat dogge sy foar de útdaging, mar ek foar it goede doel. Reitz syn buorfrou, Femke Riel, rjochte de stifting Buddyhuis op. Sels hat sy seis jier lyn boarstkanker hân en krige fan har onkolooch in 'buddy' tawiisd.

'Buddy's'

Sa'n buddy is immen dy't ek kanker hân hat. Mei har buddy koe Riel har drege perioades mei diele. "Dat heeft mij echt steun gegeven in een moeilijke periode. Daarom heb ik de stichting opgericht, daar wordt nu bij vijf ziekenhuizen in het land gebruik van gemaakt. Mensen die een diagnose krijgen die veel impact maakt, kunnen een 'buddy' toegewezen krijgen."
Ploech út Utrecht roeit de Alvestêdetocht
Dy sikehuzen binne benammen yn it midden fan it lân, Riel hopet dat sikehuzen yn Grinslân, Fryslân en Seelân harren ek gau oanslute by de stifting.
Yn de perioade dat se siik wie, hat Riel in soad help krigen fan Reitz en syn frou Linda. Doe't Frank mei de krystdagen foarstelde de tocht te roeien foar har stifting hoegden sy dan ek net lang nei te tinken.

Mear training

De ploech hat wol wat mear traind as gewoanwei foar de lange tocht. "Het is inderdaad echt een lange tocht en dat moet op duurvermogen, daarvoor kun je natuurlijk niet echt 200 kilometer trainen. Wel hebben we zo nu en dan wel een zondag extra in de boot gezeten. We denken dus dat we wel goed voorbereid zijn", seit Reitz.
De roeiers wikselje wat ôf en sliepe op campings by de rûte del. De earste etappe giet nei Sleat. Oant no ta hawwe de roeiers 11.000 euro ophelle. Se besykje freed wer oan te kommen yn Ljouwert. Harren houten sloep is hjir te folgjen.