Gerrit Hiemstra hâldt op as waarman by de NOS

Gerrit Hiemstra © ANP
Gerrit Hiemstra hâldt nei 24 jier op as waarman by de NOS. De Fryske meteorolooch wol fierder as ûndernimmer en sil him rjochtsje op it klimaatneutraal bouwen en it bouwen mei natuerlike grûnstoffen, meldt de NOS.
"Ik moat dizze stap meitsje om't ik echt wat feroarje wol. De wearden fan de NOS en fan my as undernimmer komme net oerien. De NOS hat gjin missy, sy binnen der om ferslach te dwaan, dat is harren taak", stelt Hiemstra. "It is net mei elkoar te kombinearjen. Ik koe dan net mear hielendal ûnôfhinklik wêze."
De 61-jierrige Hiemstra is opgroeid yn Sumar, mar wennet tsjintwurdich yn Balk. Yn 1998 debutearre hy as ferfanger fan Erwin Kroll. Sûnt dy tiid presintearret er twa kear yn de wike de waarsferwachting.

Feroaring bringe yn de praktyk

Syn ynset foar it klimaat ropt op social media wol gauris krityske en lilke reaksjes op. Dochs is dat neffens Hiemstra perfoarst net de reden dat hy no ophâldt mei syn wurk foar de NOS. "Minsken hawwe oeral in miening oer, dat is ek prima. Mar dêr lûk ik my neat fan oan. Wy wolle feroaring bringe yn de praktyk en dêr hawwe wy de motivaasje foar."
En dus sil Hiemstra him talizze op 'biobased bouwe'. "Dat betsjut dat we huzen bouwe mei natuerlike materialen. Sa hawwe wy ús eigen hûs ek boud, mei hout en kalkhimp en mei sa min mooglik stiennen en semint. Sa wolle wy echt wat feroarje, want boude omjouwing is foar in hiel grut part ferantwurdlik foar de emisje fan broeikasgassen,"
Hiemstra is yn septimber foar it lêst as waarman yn it NOS Journaal te sjen. Hy sit sûnt 2020 ek yn de ried fan kommissarissen fan Omrop Fryslân.