Seehûnepup fersteurd by Sint Jabik, Pieterburen fangt it bist op

Seehûnepup Crista © Seehûnesintrum Pieterburen
Seehûnesintrum Pieterburen hat de earste seehûnepup fan dit seizoen wer binnen. De pup waard fersteurd troch omstanners, dy't de pup meinommen omdat de mem net yn de buert wie.
Freedtemiddei kamen de omstanners de pup tsjin yn de buert fan Sint Jabik, fertelt Floor Bierma fan it seehûnesintrum. "We kregen 's middags een telefoontje van iemand die zei: 'Ik zag een zeehondenpup en er was geen moeder bij, dus ik heb hem maar meegenomen. Wat moet ik doen?' Dat was voor ons even schakelen."

Net sels helpe

"Mocht je een zeehond zien in het wild, dan is het belangrijk om afstand te houden. Kom je dichter dan 30 meter in de buurt dan geeft dat de zeehond stress." Mochtest dochs tinke dat in seehûn der net goed út sjocht, dan kinst belje mei 144. "Dat is het noodnummer voor dieren in nood en dat is 24 uur per dag bereikbaar."
Bylden fan de seehûnepup
It sels oppakken en helpen fan seehûnen mei net, seit it seehûnesintrum. It is yn striid mei it Zeehondenakkoord fan 2020. Minsken kinne wol in melding dwaan by it sintrum. De seehûn wurdt dan yn de gaten holden, dêrnei wurdt besletten oft it bist echt help nedich hat.
In seehûnemem kin har pup wol acht oeren allinnich litte, sûnder dat der wat oan de hân is, leit Bierma út. "Helaas was de pup te ernstig verstoord om terug te plaatsen in het gebied waar zij vandaan kwam. Daarop werd dan ook besloten om het dier op te vangen."
De klapmûtsen © Gerard Koster Joenje, vlielandplaatjes.nl.
It sintrum hat de pup Crista neamd, nei de wittenskiplike namme fan de klapmûtsen dy't earder dit jier op it Waad oantroffen waarden. De pup bliuwt foarearst yn it sintrum en is dêr op in feilige ôfstân ek te besjen.