Jongereincoaches sjogge ferlet fan echt kontakt: "Altijd verbonden, toch eenzaam"

Op social media kinst fan alles opsykje en útsykje en je kinne dermei yn kontakt komme mei oaren. Mar der sit ek in kearside oan: de online wrâld hat gjin boaiem of ein, it giet mar troch. Jongeren steane dêrtroch altyd 'oan'.
Dat kin in gefoel fan ûnrêst jaan, mei as gefolch dat se stress krije, somber wurde of eangstich binne. Jongereincoaches Raynor Tolsma en Sarah Storm fan Leffriesland werkenne dat byld. Jongeren hawwe it mentaal swier, sa docht ek bliken út tal fan ûndersiken. It tal bern dat út it libben stappe wol, nimt ta.
Te min echt kontakt
Neffens Tolsma en Storm hat dat ferskate oarsaken. In wichtige is dat jongeren te min écht kontakt hawwe. Fierder fiele jongeren harren opjage omdat der fan alles mooglik is. Dêrom moatte se hieltyd kieze en dat bringt stress mei him mei om it ferkearde te kiezen en bûten de boat te fallen, stelle Tolsma en Storm.
Op social media liket it oft eltsenien lokkich is. "Maar dat zijn maar momenten", seit Storm. "Het leven is niet een aaneenschakeling van hoogtepunten."

Dochs binne in soad jongeren hjir gefoelich foar. Se wolle der graach by hearre. Yn de petearen dy't se mei jongeren hat, siket se nei wa't se fan binnen binne en wêr't se lokkich fan wurde. As in sipel werby't je de iene laach nei de oare derôf helje om sa by de kearn út te kommen.
Utdaging
Tolsma besiket jongerein út te daagjen. Benammen foar jonges is der fysyk net altyd genôch útdaging. Tolsma is fan betinken dat it libben ús miskien wol wat te maklik makke wurdt. Tink oan iten: je hoege gjin muoite mear te dwaan, je kinne alles kant-en-klear keapje.
Mar dat jout gjin foldwaning, fynt Tolsma, dy't ek fynt dat skermen, bygelyks fan de telefoan, net oan de itenstafel hearre. Sa kinne je écht efkes prate. En bern soenen helpe moatte mei de tariedings fan it iten: "Voor hen is het schillen van een aardappel al een heel avontuur."
Skake
Foar echt kontakt hoege je net hiele nuvere saken te dwaan. Sa is it skaken hiel populêr by benammen de jonges dy't by Leffriesland komme. "Het lijkt natuurlijk op gamen", seit Tolsma, "maar je hebt hier echte schaakstukken in je handen en je zit fysiek bij elkaar. Dan heb je echt contact."

Social media binne net perfoarst ferkeard. "Het gaat erom hoe je ermee omgaat. Vraag je kinderen wat ze doen en hoe ze zich voelen als ze een hele tijd achter een scherm hebben gezeten. Wees nieuwsgierig, maar laat het zoals het is en niet hoe je als ouder wilt dat het is", beslút Storm.
It is European Mental Health Week. Mei ekstra omtinken foar de mentale sûnens fan jongeren en jongfolwoeksenen. De hiele wike jouwe Raynor Tolsma en Sarah Storm by Omrop Fryslân op TikTok en Instagram útlis en tips oer bygelyks eangst en stress.
Jongereincoaches sjogge ferlet oan echt kontakt by jongerein
Hasto help nedich?
Dan kinst kontakt opnimme mei Stichting 113 Zelfmoordpreventie fia 113 (24/7 berikber), 0800-0113 (24/7 berikber) en 0900 0113 (24/7 berikber) en 113.nl.
Kinst ek altyd kontakt sykje mei dyn húsdokter.