Slachtofferhulp siket frijwilligers: "Do kinst it ferskil meitsje"

Margot Desmet bellet mei in slachtoffer © Omrop Fryslân, Geartsje de Vries
It wurk fan Slachtofferhulp Nederland is faak fan grutte betsjutting foar slachtoffers fan in misdriuw of in ûngelok, wylst dat wurk foar in grut part dien wurdt troch frijwilligers. En fan dy frijwilligers is in grut ferlet.
De lokaasje fan Slachtofferhulp Nederland yn Ljouwert is ûnderferdield yn trije ôfdielingen: de saneamde 'actieve benadering', de algemiene tsjinst en de juridyske tsjinst. Sûnt febrewaris fan dit jier sitte alle trije ôfdielingen op ien lokaasje, oan de Tesselschadestrjitte yn Ljouwert.
Oant febrewaris wurke de ôfdieling aktive benadering noch fan Grins út. Dat alles no byinoar sit, jout neffens teamlieder Marijke Koopmans fan de aktive benadering in soad foardielen. "De ûndersteuning kin earder opstart wurde en wy kinne it better koartslute mei de oare ôfdielingen."

Earste kontakt

De frijwilligers dy't wurkje by de aktive benadering dogge dat wurk fan achter de telefoan wei. "Wij krijgen de informatie via de politie en dan leggen wij het eerste contact met een slachtoffer", seit frijwilliger Margot Desmet.
"In een oriënterend telefoongesprek tasten we eerst af of het slachtoffer behoefte heeft aan ondersteuning. Als dat het geval is, dan neemt een collega van de algemene dienst het van ons over."
Margot Desmet bellet mei in slachtoffer © Omrop Fryslân, Geartsje de Vries
Sa'n earste telefoanpetear kin net samar fierd wurde. It slachtoffer kin noch hiel bot oanslein wêze en dat freget fan de meiwurker fan Slachtofferhulp in soad empaty.
Foardat in frijwilliger ynset wurdt, krijt hy of sy dêrom in yntinsive training. Ienris oan it wurk sil in nije frijwilliger net daliks de dreechste gefallen krije, fertelt Koopmans. "Dat bouwe we op. Stapke foar stapke. En wy romje in soad tiid yn om te evaluearjen en te praten as dêr ferlet fan is."

Wurk mei nei hûs

"Ik heb twee keer meegemaakt dat ik een geval mee naar huis nam en het niet goed van me af kon zetten", seit Desmet as har frege wurdt nei hoe't se sels omgiet mei de somtiden slimme saken dêr't se mei te krijen hat.
"Ik werk ook bewust voor de actieve benadering en niet voor de algemene dienst, want ik geloof niet dat ik het aankan om vis-à-vis met een slachtoffer te praten."
Se reagearje normaal op in abnormale situaasje.
Frijwilliger Iet van der Tol
Dat docht Iet van der Tol wol. Nei har pensjonearring melde se har oan as frijwilliger bij Slachtofferhulp Nederland en dat wurk docht se no al mear as tsien jier. "It belangrykste is neffens my datst goed lústerje kinst", tinkt se.
"It is hiel wichtich dat in slachtoffer minsken hat dêr't hy syn ferhaal kwyt kin. Famylje en freonen binne hiel wichtich. Mar dêrneist kin it ek hiel goed wêze om mei ien te praten dy't faker mei sokke gefallen te krijen hân hat en dy't net emosjoneel belutsen is."
Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende petearen. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn. Mei in soad omtinken foar natuer, kultuer en skiednis. De doarren fan it Buro binne sneins iepen fan 11.00 oant 13.00 oere. Sneintejûn om 21.00 oere wurdt it programma werhelle.
Ien dy't slachtoffer wurden is fan in misdriuw of in ûngelok kin hiel ferskillend reagearje. Der kinne fysike of mentale problemen achterwei komme. "En slachtoffers begripe dat sels net altyd. Dan lis ik harren út dat se normaal reagearje op in abnormale situaasje", fertelt Van der Tol.
Die rechtzaak was heel erg pittig; ik was heel blij met de steun van Slachtofferhulp.
Mem fan in slachtoffer fan mishanneling
Amber har soan waard slachtoffer fan in slimme mishanneling. Sy krige stipe fan Slachtofferhulp en is dêr noch altyd tige wiis mei. "Het heeft heel veel impact op ons gehad. Op mijn zoon natuurlijk, maar ook op ons als gezin."
Amber is net har echte namme. Om de privacy van har soan en harsels te beskermjen, docht se har ferhaal anonym. "Ik kon de begeleider van Slachtofferhulp altijd bellen en in de aanloop naar de rechtszitting was er ook nog een juridische medewerker die ons heeft geholpen met allerhande praktische zaken. Wij hadden daar nog nooit mee te maken gehad, dus wij wisten van niks."
Marijke Koopmans fan Slachtofferhulp Leeuwarden © Omrop Fryslân, Geartsje de Vries
De help is tige wolkom, fertelt Amber. "Het is gewoon heel fijn dat er iemand is bij wie je altijd terecht kunt. En die rechtszaak was gewoon heel pittig, want ik heb ervoor gekozen om van het spreekrecht gebruik te maken. Ik ben erg dankbaar voor de steun die ik toen kreeg."
Harkje hjir nei de reportaazje oer Slachtofferhulp
De ferwachting is dat it drokker wurdt op it kantoar yn Ljouwert, omdat Slachtofferhulp Nederland nije ôfspraken makke hat mei de plysje oer hoe't sy saken oanlevere krije. Der is dêrom ferlet fan nije frijwilligers, benammen op de ôfdieling dy't de earste kontakten leit mei in slachtoffer.
Marijke Koopmans giet derfan út dat dy frijwilligers har wol oanmelde sille. "It is gewoan hiel moai wurk. As frijwilliger by Slachtofferhulp kinst echt it ferskil meitsje. Boppedat learst der sels ek fan en krijst in rommere blik. Dat is dochs geweldich?"
Wa't wat yngripends meimakke hat kin by Slachtofferhulp emosjonele stipe krije, stipe by it strafproses en help by it oanfreegjen fan skeafergoeding.
Nim kontakt op fia de webside of 0900-0101.