Lûdskeunstwurk lit reizgers oer Ofslútdyk grizelje en laitsje


Poëzy en muzyk is der fan Sholeh Rezazadeh en Wouter Snoei. En fierder binne der gearwurkingen fan skriuwer Jowi Schmitz mei popmuzikant en filmkomponist Roald van Oosten, skriuwer Auke Hulst mei multi-ynstrumintaliste Corrie van Binsbergen en dichter Ellen Deckwitz mei muzikant Sanamika.
Stichting Hi-Lo
Baken Afsluitdijk falt ûnder de stichting Hi-Lo. Hi-Lo 2023 is in ynternasjonale keunstmanifestaasje om de Waadsee hinne. Eilannen en kustrannen binne it poadium foar tentoanstellingen, keunst- en audiorûten en presintaasjes. De namme ferwiist nei it tij. De keunstwurken, 'Bakens', wurde ien foar ien ûntbleate.
Earder al is de âlde fjoertoer fan Skier yn gebrûk naam as poadium foar ljochtkeunst. In programma fan ljochtprojeksjes is by Baken Schiermonnikoog alle jûnen koarte tiid te sjen. De stichting biedt sa tal fan keunstuterings foar de simmermoannen fan dit jier en wol om de trije jier minsken fierder op keunstsinnige wize mei it waadgebiet ferbine. En sa dat it net yngripend is foar de lokaasje sels.
De app Baken Afsluitdijk is te downloaden yn de app-store. Yn earste ynstânsje duorret it projekt oant 1 oktober.