Benefyt foar ôfbrânde wenbuorkerij mei muzykstudio's yn Gau smyt 30.000 euro op

It sil noch wol twa of trije jier duorje foardat der wer echt wat stiet, mar mei de 30.000 euro dy't dit wykein ophelle is by benefytoptredens kinne muzikant Ernst Langhout en producer Jan Switters foarearst wer fierder. Harren boerepleats yn Gau, mei in opnamestudio, brânde yn febrewaris folslein ôf.
Bands as Strawelte, Oppakkuh! en Weekend at Wakiki spilen dit wykein fergees yn Het Bolwerk yn Snits om jild op te heljen foar Langhout en Switters. "Ik kin der eins net by", seit Langhout nei ôfrin. "Wêr ha ik dit oan fertsjinne dat minsken dit foar ús dogge? It is geweldich."
Nei in healoere wie alles fuort by de grutte brân op freedtejûn 10 febrewaris. Seis bewenners koenen krekt op 'e tiid oan it fjoer ûntkomme. Switters koe noch in digitale mingtafel, in laptop en in hurde skiif mei opnamen rêde, mar mear net.
Waarme tsûnamy
Al gau waard in donearaksje opset en dit wykein wiene der dus twa dagen oan benefytoptredens. Langhout: "De hiele pleats mei alles dêr't ik fan hold is opfikt. Mar alles wat dêr achterwei kaam is, dat is wûnderbaarlik. Ik kin it allinnich mar in 'waarme tsûnamy' neame."

Hy neamt wat foarbylden. "In briefke fan ien dy't ik al 35 jier net sjoen ha, reaksjes op ynternet, in famke dy't op it hiem fan de pleats opgroeid wie en seit dat se dêr sa'n moaie tiid hân hat."
Hiel avontuer mei Strawelte
De optredens fan de artysten helje ek wer oantinkens nei boppen. "Dy manlju fan Strawelte binne fenomenen fansels. Ik ha in prachtige tiid mei se hân yn Litouwen. Dêrnei rieden we werom. Oardel dei mei Strawelte yn in buske sitte is sowieso in avontuer."
"It wurd 'mienskip' wurdt wat te faak brûkt, mar ik kin hjir net in oar wurd foar betinke. Dit is echt mienskip, dat se dit allegear foar ús dogge."
Mei de 30.000 euro kinne Langhout en Switters wer nei de takomst sjen. "It is de bedoeling om in nije buorkerij del te setten mei fansels ek wer oefenromten en studio's. Muzyk bliuwt ûnderdiel fan myn libben."