Van Ewijk nei PSV-Hearrenfean: "Als je ooit van een topclub kon winnen, was het vandaag"

Nei in boeiende wedstriid spile sc Hearrenfean snein mei 3-3 lyk tsjin PSV. Dat soarge foar mingde gefoelens by de spilers en stêf.
Want in punt tsjin PSV is net min, sterker noch: "Ast yn it foar seist dat we mei 3-3 lykspylje tsjin PSV, dan tekene ik dêrfoar", seit oanfaller Antoine Colassin. Oan de oare kant: Hearrenfean joech yn it lêste kertier in 1-3 foarsprong fuort en dat hie net hoegd.
"Als je ooit van een topclub kon winnen, was het vandaag", sa stelt ferdigener Milan van Ewijk.
PSV-stoarm oerlibbe
De rjochtsback holp Hearrenfean op it goede paad mei de 1-1 yn de 33e minút. Oant dat momint wienen de Friezen frij kânsleas. PSV dêrfoaroer, krige in protte mooglikheden om te skoaren.
"Je ziet dat zij heel bepalend en dominant zijn", analysearret trainer Kees van Wonderen de iepeningsfaze. "Dat heb je vaker in topduels. Maar als je in de beginfase de storm kunt overleven, is er wel wat mogelijk."
Kees van Wonderen hold in dûbeld gefoel oer oan de wedstriid tsjin PSV
Mei syn doelpunt wie Van Ewijk wichtich by de 1-1, mar ek by de 1-2 fan Antoine Colassin, yn de blessueretiid fan de earste helte, spile de back mei in assist in bepalende rol.
Van Ewijk siet lekker yn de wedstriid: "Ik voelde me goed, voelde me ready om te spelen tegen Xavi Simons. Ik heb hem de hele week lopen analyseren. Er zijn wel een paar momentjes waarop ik een slippertje had, maar voor de rest voelde ik mij wel goed deze wedstrijd."
Colassin is los
Ien dy't der ek lekker yn siet, wie Colassin. De Belch makke de 1-2 en de 1-3. "By de earste krige ik de bal fan Milan (Van Ewijk, red.) en ik seach dat de keeper útkaam, dus ik chipte de bal deroerhinne. By de twadde hie ik de bal en ik gie derfoar: it wie in goal, dus dat is moai foar my en foar it team."
Antoine Colassin skoarde twa kear tsjin PSV
Nei de 1-3 krige Hearrenfean fia Sydney van Hooijdonk sels de kâns om op 1-4 te kommen. Dat slagge net: de oanfaller skeat krekt njonken. "Maar om nou in een uitwedstrijd tegen PSV de spelers te verwijten dat je de 1-4 maakt, gaat wat ver", seit trainer Van Wonderen.
Luuk de Jong makke dêrnei de 2-3. "Die kwam net iets te vroeg. Toen dacht ik wel: 'oh, als we nu maar overeind blijven'." Dat slagge úteinlik net, want fia in benutte strafskop fan Simons waard it yn de slotfaze dochs noch 3-3.
Typearjend foar Hearrenfean
"Dat is ook wel een beetje het Heerenveen van dit moment: dat je het niet over de streep kunt trekken", konkludearret Van Ewijk. "Hoewel we er de kwaliteit wel voor hebben. We hebben laten zien dat we ook gewoon 3-1 voor kunnen staan tegen PSV, maar dan geef je het zelf wel weer weg."
Milan van Ewijk oer de wedstriid tsjin PSV en syn eigen takomst
"Wij hebben ook nog wel wat foutjes gemaakt: hoe we de penalty tegenkrijgen bijvoorbeeld", seit Van Wonderen. "Maar dat is inherent aan het spel dat je speelt. Je moet je weren tegen een topploeg. Dan is het knap wat ze over het geheel hebben laten zien: achter staan, niet opgeven, weerbaar zijn. We waren dichtbij de overwinning, maar het is 3-3 geworden."
Mei noch ien wedstriid te gean, stiet Hearrenfean lykwols noch hieltyd op it fûl begearde achtste plak. In oerwinning nije wike, yn de thúswedstriid tsjin Go Ahead Eagles, folstiet om dielnimming oan de play-offs foar Europeesk fuotbal feilich te stellen.
Wat dogge Colassin en Van Ewijk takom seizoen?
It seizoen komt stadichoan tichter by de ein. Foar Van Ewijk en Colassin leit harren takomst miskien wol bûten it Abe Lenstra Stadion. Seker foar dy earste is in protte ynteresse.
"Ik heb ambities om een stap te maken, maar ik houd alle opties open. Ik wil af en toe wel weten wat er speelt, maar het is niet dat ik de details wil weten."
Foar Colassin is it in hiel oar ferhaal. Syn hierkontrakt rint ôf, mar de Belch soe wol op It Hearrenfean bliuwe wolle, al wol hy dêr earst noch te te folle oer prate. "Der komme earst wichtige wedstriden oan foar de klup. We moatte konsintrearre bliuwe om de play-offs te heljen. Dat soe moai wêze foar ús en de supporters. Dêrnei sille we sjen wat it bêste is foar elts."