Minnema koe nettsjinsteande ferlies genietsje fan syn debút: "Gruwelijk toch?"

Brett Minnema flak foar syn debút © Orange Pictures
Fan de útslach hie er him miskien wat oars foarsteld, mar Brett Minnema sjocht werom op in moaie dei. De 21-jierrige Cambuurdoelman út Warkum makke snein syn earedivyzjedebút. "Met 4-1 afgaan is niet fijn, maar dat gevoel mag nu niet overheersen."
Koart nei de wedstriid libbet it gefoel fan de nederlaach tsjin Sparta noch wol, mar hy hat wol genietsje kind. "Zeker! En ik heb nu een eredivisiewedstrijd achter m'n naam, dus ik ga dit nooit vergeten."
Hy hearde freed foar de training dat er hjoed spylje soe. "Ik werd bij de trainer geroepen en die vertelde het me. Ik zei dat ik het gruwelijk vond dat ik hier op Het Kasteel m'n debuut mag maken. Dat is gruwelijk toch?"
Brett Minnema nei debút: "De Spartamars vond ik heel indrukwekkend"
Dat er syn debút net yn it eigen stadion makket, kin him net in soad skele. "Dat was mooi geweest, maar dit is ook een mooi stadion. De opkomst met de Spartamars vond ik heel indrukwekkend. En tijdens warming-up en na afloop scandeerde het uitpubliek m'n naam, heel mooi."
Dan dochs even oer de wedstriid: by de earste trije tsjingoals koe Minnema der foar syn gefoel net in soad oan dwaan. "Maar bij de 4-1 van Namli had ik er misschien dichter bij kunnen zitten. Ik raakte 'm nog wel aan, maar heel lichtjes."
Brett Minnema wurdt nei de wedstriid treastge troch Robbin Ruiter © Orange Pictures
De kommende wike kin wer in moaie wike wurde foar Minnema: woansdei spilet er mei de beloften fan Cambuur de bekerfinale tsjin PEC Zwolle. "Ik denk dat we redelijk gelijkwaardig zijn. Zij zijn net gedegradeerd uit Divisie 1, wij zijn net gepromoveerd."

Ultee tefreden oer earste healoere

Trainer Sjors Ultee fynt it soer foar Minnema dat er fjouwer tsjingoals krige. "Je wilt als keeper mooie reddingen maken, maar Sparta mikte iedere bal goed in de hoek. Dus jammer van de tegengoals, maar voor hem is het een mooie dag. Eentje om nooit te vergeten."
Ultee wie te sprekken oer de begjinfaze fan syn ploech. Cambuur kaam op foarsprong en hie it oant de 30e minút ûnder kontrôle. "Sparta kon alleen de lange bal spelen, maar daar kwam niet veel gevaar uit. Vlak voor het halfuur gingen we op de bank bedenken wat we in de rust wilden gaan zeggen. Maar toen we waren uitgeschreven, stond het al 3-1."
Sjors Ultee seach deselde bekende flaters by syn ploech
En sa as wol faker dit seizoen baalt Ultee benammen fan de wize wêrop't dy goals fuortjûn waarden. "Het zijn echt verwijtbare tegengoals. Daarmee verpest je de wedstrijd, waar we juist zo goed aan waren begonnen, ondanks alle klappen van de afgelopen weken."
Je kunt niet altijd de bal wegrossen, maar soms wel.
Sjors Ultee
Ferdigener Marco Tol, dy't noch foar de 0-1 soarge hie, gong by twa fan de fjouwer tsjingoals de mist yn. Hy wol it graach fuotbaljend oplosse, mar dat kin net altyd, neffens Ultee. "Je moet momenten herkennen. Niet altijd de bal wegrossen, maar soms wel. Dat moet je aanvoelen."
Sjors Ultee mei Remco Balk © Orange Pictures
Oer spits Roberts Uldrikis, dy't nettsjinsteande twa grutte kânsen (wêrûnder in strafskop) noch dreechstiet, is de trainer wol posityf. "Het klinkt misschien gek, maar ik vond dat hij z'n beste wedstrijd speelde sinds ik hier trainer ben. Aan de bal was hij heel goed: in combinatiespel, met ballen doorkoppen en druk zetten."
De spits baalde sels benammen fan syn miste kânsen, mar Ultee sjocht nei eigen sizzen benammen nei takom seizoen. "En dan ben ik heel blij met hoe hij vandaag speelde."