Triemstra nei winst yn Sint Anne wer trije punten tichter by top keatsklassemint

Taeke Triemstra © Dijks Fotografie
De tredde frijeformaasjepartij fan it jier by de manlju is in proai wurden foar Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Erwin Zijlstra. Yn de finale yn Sint Anne wienen se te sterk foar it partoer fan Marten Bergsma.
It betsjut ek dat Triemstra wer trije punten tichter by de top fan it ivige keatsklassemint is. Mei de acht punten dy't er dit seizoen pakt hat, stiet er noch njoggen punten achter de nûmer twa (Hotze Schuil) en noch achttjin achter listoanfierder Piet Jetze Faber.
Van der Bos-en-dy moasten it yn Sint-Anne yn de earste omloop fuort opnimme tsjin in oar toppartoer: dat fan Tjisse Steenstra, Renze Hiemstra en Hans Wassenaar. Dat smiet in op papier ienfâldige oerwinning op: 5-1 6-4.
Dêrnei waarden ek de partoeren fan Corné Tuinenga en Menno van Zwieten oan de kant set. Dy lêsten pakten wol de tredde priis.
Yn de finale wienen Marten Bergsma, Jacob Wassenaar (dy't de blessearre Dylan Drent ferfangt) en Hendrik Kootstra de tsjinstanners. Dy hienen ôfrekkene mei de partoeren fan Remmelt Bouma en Auke Boomsma.

Van der Bos 'vliegend'

De finale gie oant 2-2 lykop. Dêrnei sloegen Van der Bos-en-dy in gatsje. Earst soarge Triemstra foar in buordsje mei in boppeslach en op 3-2 6-6 sloech Van der Bos in sitbal. Bergsma kaam noch wol werom oant 4-3, mar troch opnij in sitbal fan Van der Bos kaam syn partoer op ien earst fan de oerwinning.
Der kaam noch wat tsjingas fan Bergsma, wêrtroch't it 5-4 waard. Op 5-4 6-2 sloech Jacob Wassenaar de bal lykwols kwea, wêrtroch't de oerwinning foar it partoer fan Van der Bos in feit wie.

Zeinstra pakt alwer fjirde oerwinning

De haadklassefroulju spilen hjoed in trochelkoarlotterswedstriid yn Berltsum. Mei mar fjouwer partoeren gie de winst dêr nei Roelie Kroondijk, Jeske Terpstra en Marrit Zeinstra. Sy wûnen al har trije wedstriden. It partoer fan Annet de Haan, Corrie Kroondijk en Gerde Lycklama à Nijeholt waard twadde.
Foar Zeinstra is it al de fjirde kear yn fiif wedstriden dat se de earste priis pakt. Allinnich by it trochelkoarlotsjen yn Goaiïngea in wike lyn moast se it mei in twadde priis dwaan.