Gastfrijheidsekonoom oer koarte lontsjes: "Ek gastfrijheid hat har grinzen"

"Gastfrijheid betsjut ek dat je dúdlik wêze moatte en de grinzen helder oanjouwe." Dat seit gastfrijheidsekonoom Geesje Duursma, dy't ek útbater is fan De Pleats yn Burgum. Se fernimt dat de lontsjes by guon minsken wat koarter wurde.
"Fansels wolle je graach gastfrij wêze, hielendal as je in hoarekabedriuw ha. Mar dat betsjut net dat der gjin grinzen oan sitte." As foarbyld neamt se gasten dy't in grutte hûn ("ien as in keal") mei it restaurant yn nimme woenen. "Dat stiene wy net ta en dat joech in soad stennis."
Dy grinzen binne ek wichtich foar oare gasten, seit Duursma, foar wa't se ek graach gastfrij wêze wol. "Der bin ek minsken dy't benaud binne foar hûnen, benammen grutte."
It ûnderwerp kaam oan de oarder yn it Nijsfoarum fan Buro de Vries, dêr't oer koarte lontsjes praat waard. PvdA-Twadde Keamerlid Habtamu de Hoop tinkt dat de ûntwikkeling it gefolch is fan in tekoart oan korrizjearjend fermogen.
De foarumgasten prate oer koarte lontsjes
De oarsaak soe neffens De Hoop benammen oan de opfieding lizze, wêryn't âlders te maklik it korrizjearjen oerlitte oan ûnderwiispersoniel en helpferlieners. "Ik meitsje my dêr wol soargen oer, benammen sa't dat de lêste wiken ûntspoart. Dat is fansels ûnakseptabel."
De tredde gast yn it Nijsfoarum, wethâlder Durk Durksz (FNP) fan Opsterlân, jout alle wiken op social media in gearfetting fan wat er dy wike dien hat. "Ik krij dêr somtiden ek hiele ferfelende reaksjes op. Dan jou ik dy minsken altyd eefkes in persoanlike reaksje. Yn njoggen fan de tsien gefallen komme der ek wol wer ekskuzen."
It fuotbalgeweld fan de lêste wiken is fan in oare oarder, seit er derby. "Dat raast oan 'e protters! Je kinne dat net allinnich skowe op alkoholgebrûk. By Oerrock komme bygelyks ek in hiel soad minsken en dêr wurdt ek aardich ynnaam, mar it rint dêr echt net út de hân."
Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende petearen. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn. Mei in soad omtinken foar natuer, kultuer en skiednis. De doarren fan it Buro binne sneins iepen fan 11.00 oant 13.00 oere. Sneintejûn om 21.00 oere wurdt it programma werhelle.