De skeefste toer fan Nederlân stiet yn Fryslân en it is net de Aldehou

Hûnderttûzenen minsken reizgje alle jierren nei it Italiaanske Pisa om de skeve toer te sjen. Mar yn Fryslân stiet in toer dy't noch mear oer de side hinget. En it is net de Aldehou yn Ljouwert.
De brykste toer fan Nederlân stiet yn Miedum, efkes noardlik fan Ljouwert. Dêr hoege se gjin stekken te pleatsen om de rigen wachtsjende minsken yn goede banen te lieden, want it tal toeristen dat op de Miedumer toer ôfkomt, is hiel beheind.
Slow tourism
It is seker gjin Pisa, fynt dûmny Gerben Hoogterp fan de protestantske gemeente Miedum, Lekkum, Snakkerbuorren en Blitsaerd. Hjir is sprake fan in oar type toerisme. "Jo kinne derhinne fytse. It is mear slow tourism."
It is in ûnbekend en ek opmerklik feit dat Miedum de brykste toer fan Nederlân hat. Sels de rintmaster fan de tsjerke wist it net.

Der soe miskien mear reklame foar makke wurde kinne, jout Hoogterp ta. Der stiet wol in ANWB-boerd mei ynformaasje oer de histoarje fan de toer. "We kinne miskien de ANWB freegje om derby te setten dat it de skeefste toer fan Nederlân is."
Ommitsele
De Miedumer toer is in ienlike toer. Eartiids stie der in tsjerke oan fêst, mar dy is ôfbrutsen. Dêrnei begûn de toer te fersakjen en moast der wat dien wurde, oars soe er omfalle.
Hoe sjocht de Miedumer toer der eins út? Hoogterp: "It is in klassike tsjerketoer út de tolfde iuw, mei sealtek."
Oan de bûtenkant binne de oarspronklike kleastermoppen net te sjen. Dat komt om't de toer ommitsele is foar de stevichheid. "Der is in nije muorre tsjinoan set, lykast tsjinstwurdich ek wol sjochst mei isolaasje."

Hoogterp hat sels noch nea boppe-yn de toer west. It is der nea fan kaam, seit er. Hy ken allinnich de tún en it griene, omsluten plak om de toer hinne. "In moai, ferstild en meditatyf plak mei wat grêfstiennen."

Yn de toer kinne gjin tsjerketsjinsten hâlden wurde. In pear jier ferlyn hat bûtendoar by de toer wol in iepenloftsjinst west, wit Hoogterp. Mooglik kriget dat fan 't simmer of letter in ferfolch.
Kin net omfalle
Dûmny Hoogterp is net benaud dat de toer fan Miedum omfalt. Dat kin net, want hy is ommers ferstevige. Ien fan Hoogterp syn foargongers, de ferneamde dûmny J.J. Kalma dy't yn de jierren '50 yn Lekkum-Miedum stie, hat in aksje hâlden foar it behâld fan de toer. Hy moast restaurearre en ferstevige wurde. "Dat is slagge. Sûnt dy tiid sakket er net mear fierder fuort."
Yn Grinslân tinke se ek dat se de skeanste toer fan it lân hawwe. De toer fan Bedum stiet 4,1 graden út it lead. Dy fan Miedum is mei 4,7 graden skever. De Aldehou yn Ljouwert kin der ek wat fan, mei 4,2 graden.
De Toer fan Pisa hat lang de skeefste toer fan Europa west. Dat is er net mear. Hy is wat rjochter set, om foar te kommen dat er omfalle soe.