Team Benwyvis wint HT-race, IJsselmeerminnen bêsten by de froulju

Team Benwyvis fan West-Skylge hat de 47e HT-race wûn. Mei in spesjale formule wurdt in dei nei de wedstriid berekkene wa't wûn hat. Dêrby wurdt ûnder mear sjoen nei it tal minsken yn de sloep en de wjerstân fan de boat.
Benwyvis kaam dêrby as winner út de bus. De ploech die der 2 oeren, 53 minuten en 36 sekonden oer om fan Harns nei Skylge te roeien. Roeiteam Stielen Bear fan De Jouwer waard twadde, Ame Fijs fan Hylpen pakte de tredde priis.

By de froulju wienen de IJsselmeerminnen út Makkum mei harren sloep Pulp Fiction de bêsten. Okke Hel-Danser fan Harns en Roeiteam TS7 fan West-Skylge pakten respektyflik it twadde en tredde plak.

De HT-race gie freed foar it earst sûnt 2019 troch. Yn 2020 en 2021 koe de wedstriid net trochgean fanwegen de útbraak fan it coronafirus. Yn 2022 wie it waar te min om te roeien.