Tonger op komst mei mooglik soad delslach: KNMI warskôget mei koade giel

In tongerslach © ANP Foto
It KNMI warskôget foar sneintejûn foar tongerbuien mei pleatslik in soad delslach. Fan middernacht ôf is koade giel fan krêft yn Fryslân.
Snein oerdeis is der aardich wat bewolking, mar yn de rin fan de moarn kin de sinne bytiden ek efkes trochbrekke, seit Omrop Fryslân-waarfrou Tjitske Wiebenga.
De temperatuer rint op en it fielt near oan. Mear de provinsje yn kin it wol 20 of 21 graden wurde en, as de sinne der lang by bliuwt, mooglik 22 graden.

Soad reinwetter

Yn de rin fan sneintemiddei kinne der op guon plakken tongerbuien ûntstean. Dêr kin aardich wat reinwetter út falle.
De tongerbuien lûke fan it easten nei it westen. Der sit net folle tempo yn, dus se bliuwe yn ferhâlding lang hingjen. Koade giel jildt yn Fryslân op it fêstelân fan 0.00 oant 6.00 oere en op it Waad fan 1.00 oant 7.00 oere.
By dy buien is der ek kâns op hagel en wynstjitten. Under oare it ferkear kin dêr lest fan krije. Waarfrou Tjitske Wiebenga ferwachtet dat it yn it súdwesten fan de provinsje Fryslân meast drûch bliuwt.