Twa ferwûnen nei stekynsidint by Drachtster azc, 17-jierrige Drachtster oanhâlden

By in stekynsidint oan it Noorderend yn Drachten is sneontejûn in 31-jierrige Drachtster ferwûne rekke. It ynsidint soe om sawat 20.00 oere plakhân hawwe, sa meldt de plysje, op it terrein fan it azc.
Der is in 17-jierrige jongeman út Drachten oanholden. Nei it stekynsidint ûntstie op it terrein noch in konflikt. Dêrby is ek in persoan ferwûne rekke en oerbrocht nei it sikehûs. Wa't dat is, hat de plysje noch net bekend makke.
De plysje wit noch net hoe't dy ferwûningen ûntstien binne. Der sil ûndersocht wurde wat der no krekt bard is.