Traumahelikopter bringt de nacht troch yn Rotsterhaule nei technyske problemen

De traumahelikopter yn it lân by Rotsterhaule © CAMJO media
In traumahelikopter hat de nacht fan freed op sneon trochbrocht yn it lân by Rotsterhaule. De helikopter hie te krijen mei technyske problemen.
It mobyl medysk team wie oproppen freedtejûn oproppen foar in ynsidint oan de Kampweg yn it doarp. Doe't de helikopter wer fuort soe, krige de piloat in foutmelding te sjen. It personiel fan de helikopter is dêrnei mei in auto wer nei Eelde brocht. In reservehelikopter waard nei Eelde ta flein sadat de tsjinstferliening net yn gefaar kaam.
De helikopter hat de nacht yn it lân trochbrocht. Monteurs hawwe it euvel sneontemiddei ferholpen.