Liveblog
|
21 maaie
Aris moat yn de achterfolging | Lykspul foar Hearrenfean, Cambuur ferliest
Yn dit liveblog folgje we de Fryske sport fan hjoed:
- Danny Noppert is hjoed útskeakele yn de earste ronde fan it Players Championship yn Leicester;
- Hearrenfean hat yn in spektakelstik mei 3-3 lykspile tsjin PSV;
- SC Cambuur gie mei 4-1 ûnderút tsjin Sparta;
- Aris ferlear mei 84-91 fan Charleroi en moat dêrom tiisdei yn België winne mei acht punten ferskil.
Lêst bywurke: 21 maaie, 21:27 oere
snein 21 maaie
18:39
Mingde gefoelens by sc Hearrenfean
Sc Hearrenfean pakte in kreas punt tsjin topklup PSV (3-3), mar efterôf hie der mear yn sitten, sizze ûnder mear trainer Kees van Wonderen en rjochtsback Milan van Ewijk:
18:37
Cambuurkeeper Minnema bliid mei debút
Fan de útslach hie er him miskien wat oars foarsteld, mar Brett Minnema sjocht werom op in moaie dei. De 21-jierrige Cambuurdoelman út Warkum makke snein syn earedivyzjedebút. "Met 4-1 afgaan is niet fijn, maar dat gevoel mag nu niet overheersen."
17:53
Aris moat yn de achterfolging

Aris hat de earste wedstriid yn de tredde ronde fan de BNXT-play-offs ferlern. Yn it eigen Kealledykje waard it 84-91 tsjin Spirou Basket út Charleroi.
Ferline wike waard Aris útskeakele yn de heale finale fan de play-offs om de lânstitel. De Ljouwerters streamden dêrnei yn yn de tredde ronde fan de play-offs fan de BNXT League, dêr't de klups fan it heechste nivo yn Nederlân en België oan meidogge. Dizze ronde bestiet út in thús- en in útwedstriid. Hjoed wie foar Aris dus it earste duel en dat gong benammen yn it twadde kwart mis: doe skoarden de Belgen alve punten mear.
Dat ferskil koe Aris, dat it hjoed sûnder fêste basisspiler Kristinn Pálsson dwaan moast, net mear goedmeitsje. De Ljouwerters kamen noch werom oant trije punten, mar dêrnei rûn Charleroi wer út nei úteinlik dus 91-84. Dêrom moat Aris kommende tiisdei de útwedstriid mei minstens sân punten ferskil winne, oars is it seizoen foarby.
Topskoarer oan de kant fan Aris wie hjoed Shaquille Doorson. De center skoarde 20 punten en hie ek 11 rebounds.
17:04
Van der Bos, Triemstra en Zijlstra winne
De tredde frijeformaasjepartij fan it jier by de manlju is in proai wurden foar Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Erwin Zijlstra. Yn de finale yn Sint Anne wienen se te sterk foar it partoer fan Marten Bergsma.
16:30
Hearrenfean pakt punt nei spektakelstik, Cambuur ferliest
Hearrenfean hat in kreas punt pakt yn de wedstriid tsjin PSV. It waard 3-3 yn Eindhoven. Troch it lykspul, en de útslaggen op de oare fjilden, bliuwt Hearrenfean achtste. In oerwinning op Go Ahead Eagles folstiet takom wike foar de ploech fan trainer Kees van Wonderen om it achtste plak feilich te stellen.,
SC Cambuur hat de útwedstriid tsjin Sparta Rotterdam mei 4-1 ferlern. De Ljouwerters kamen noch wol op foarsprong, mar dêrnei die bliken dat Sparta fierstente sterk wie. De Ljouwerters bliuwe de nûmer 18 fan de earedivyzje.
Takom wike kinne de Ljouwerters sc Hearrenfean helpe troch te winnen fan RKC Waalwijk. Dy ploech is noch yn de race foar it achtste plak.
Dan soe Cambuur it lêste plak ek noch ferlitte kinne, want konkurrint FC Grins ferlear hjoed mei 6-0 fan Vitesse. Keeper Jan de Boer fan Sleat moast it grutste part fan de wedstriid meidwaan om't earste keeper Peter Leeuwenburgh in reade kaart krige.
15:23
Min wykein Danny Noppert
It is net in al te bêst wykein foar darter Danny Noppert. Juster ferlear er al fan de nûmer 110 fan de wrâld op de alfde Players Championship fan it seizoen. Hjoed is op de tolfde Players Championship, op 'e nij yn Leicester, de nûmer 113 ek te sterk. Pascal Rupprecht út Dútslân wint yn de earste ronde mei 6-4 fan de Jouster.
15:22
Skoft yn de earedivyzje
In ferrassende tuskenstân yn Eindhoven. By it skoft stiet Hearrenfean mei 2-1 foar tsjin PSV.
Yn Rotterdam kaam Cambuur op foarsprong tsjin Sparta, mar dêr stiet it yntusken 3-1 foar de thúsploech.
sneon 20 maaie