Warkumer Brett Minnema makket snein debút foar SC Cambuur

Brett Minnema © Orange Pictures
Brett Minnema ferdigenet snein it doel fan SC Cambuur. It is foar it earst dat de Warkumer yn in kompetysjewedstriid yn de basis stiet.
De rop om Minnema waard nei de degradaasje hieltyd lûder ûnder de supporters. Sjors Ultee fertelde foarige wike dat hy de 21-jierrige keeper dit seizoen noch debutearje litte woe en it leafst yn de slotwedstriid thús tsjin RKC Waalwijk.
Mar dêr is de trainer op weromkaam. No keept Minnema snein yn de útwedstriid tsjin Sparta Rotterdam. Earste keeper Robbin Ruiter stiet dan nije wike tsjin RKC op goal.
Cambuurtrainer Sjors Ultee leit út wêrom't Brett Minnema snein op goal stiet
De gedachte dêrefter leit Ultee út. "Tegen RKC mogen spelers met hun kinderen het veld op. Robbin vindt het heel mooi en belangrijk om met zijn kinderen het veld op te komen. Als staf hebben we overleg gehad en we vinden het een prima argument. Als het goed is, is iedereen blij en tevreden."
Minnema sels sei ferline wike al klear te wêzen foar in basisplak. "Ik heb bij onder 21 goede wedstrijden gespeeld, waarin ik belangrijk ben geweest. Ik ben goed in vorm, denk ik."
Het wordt voor Brett een mooie week. Zondag debuteren en woensdag de beker winnen.
Sjors Ultee oer it basisplak fan Brett Minnema
Mei syn debút wol de technyske stêf fan Cambuur Minnema beleanje. Neffens Ultee hat de jonge keeper him dit seizoen goed ûntwikkele. "Het wordt voor Brett een mooie week. Zondag debuteren en woensdag de beker winnen."
Mei dat lêste doelt Ultee op de bekerfinale mei de beloften fan Cambuur. Dy spylje woansdei tsjin PEC Zwolle en dêr sil Minnema ek op 'e goal stean.
De wedstriid fan SC Cambuur op besite by Sparta Rotterdam begjint snein om 14.30 oere. Tagelyk spilet sc Hearrenfean yn Eindhoven tsjin PSV. Beide wedstriden binne live te folgjen yn it radioprogramma Snein yn Fryslân.
Sportferslachjouwer Andor Faber docht it kommentaar by Cambuur en sportferslachjouwer Roelof de Vries docht dat by Hearrenfean.