Plysje wit wa't briedende ein deasloegen yn Balk, âlden fan de bern melde harren

Plysje © RTV NOF, Ben de Jager
De nammen fan de jonge bern dy't op 4 maaie yn Balk in ein deaslein hawwe, binne bekend by de plysje. De ein siet te brieden en waard mei in stôk slein. De fûgel hat it net oerlibbe, mar de aaien binne útbret yn in briedmasine.
De âlden fan de bern hawwe harren meld. De plysje sil ynkoarten mei de bern en mei de heiten en memmen prate. Hoe't de saak fierder krekt ôfhannele wurdt, giet yn oerlis mei de plysje en it Iepenbier Ministearje.
Der is gjin oanjêfte dien, mar de plysje hat dochs ûndersyk dien fanwege de earnst fan de saak. It berjocht oer de saak op sosjale media smiet in soad reaksjes op.