Noarderljocht sichtber: pearse en rôze Poalpylders oan de himel

It Noarderljocht hat ôfrûne nacht wer efkes sichtber west. Benammen yn Noard-Nederlân wie it waar te nimmen. It ferskynsel, dat ek wol Poalljocht neamd wurdt, docht him de lêste tiid wol faker foar.
Under oare boppe Skylge wiene yn de nacht fan freed op sneon pearse en rôze pylders oan de loft te sjen. Der wiene ek satelliten oan de himel sichtber dy't brûkt wurde foar ynternet.
Noarderljocht te sjen: pearse en rôze himel
It Noarderljocht ûntstiet trochdat elektrysk laden dieltsjes as gefolch fan in sinnestoarm it hielal yn slingere binne. Heech yn 'e atmosfear om 'e ierde hinne botse dizze elektrysk laden dieltsjes mei dieltsjes soerstof en stikstof. Sa ûntstean de kleuren yn de loft dy't bekend stean as Noarderljocht of Poalljocht.